Karl Bûlla

Karl Karlovitsj Bûlla of Karl Ostwald Bulla (Russysk: Карл Карлович Булла; Lübeck, 26 febrewaris 1855Ösel, 28 novimber 1929) wie in Russysk fotograaf fan Dútsk komôf. Hy wie ien fan de earste fotosjoernalisten yn de wrâld en wurdt wol beskôge as de ‘heit’ fan de Russyske reportaazje-fotografy.

Selsportret Bûlla

Biografy

Bûlla waard berne yn Lübeck. Yn 1865 rûn er fan hûs en festige him yn Sint-Petersburg. Hy sette dêr in bedriuwke yn fotografysk materiaal op (letter droech er dêrmei by ta wichtige ûntjouwings yn de fototechnyk) en begûn 1875 syn earste fotostudio. Fan 1886 ôf krige er permisje fan de Peterbuckske plysje om oeral foto's te meitsjen en makke sa namme as reportaazjefotograaf. Syn sjoernalistike fot's ferskynden dêrnei faak yn belangrike tydskriften (Russyske en bûtenlânske) en nei 1894 bygelyks ek op tal fan. Rillegau waard er sjoen as de bêste fotograaf fan Sint-Petersburch.

In 1896 werd Bûlla de titel ‘Fotograaf fan it Keizerlik Hof’ verleend, sadat er yn de gelegenheid wie om de bêste kameraposysjes by offisjele gelegenheden yn te nimmen. Itselde jier krige er ek formeel tastimming om foto’s te meitsjen by militêre oefeningen en it tewetterlitten fan skippen. Tusken 1904 en 1914 makke er in protte foto’s dy't it leger oanbelangen: oefeningen, sportwedstriden, parades, groepsfoto’s, ynspeksjes, ensafuorthinne. Bûlla wie ek de earste offisjele fotograaf fan de Russyske Brânwar, de Peterburchske Hegeskoallen en de Iepenbiere Bileteek. Op persoanlike titel kaam hy geregeldwei oer de flier by ferneamde lju sa as Lev Tolstoj en Ilja Repin, dêr't er ferneamde reportaazjes makke. Bûten dat bleau Bûlla lykwols frak bekend om syn spesjaal omtinken foar it deistige. Sa wie er bygelyks ien fan de earsten dy't de yndustriële ûnjouwings op de plaat fêstlei. In protte fan syn foto's yllustrearje ek de ûntjouwing fan it politike libben fan syn tiid.

Karl Bûlla syn wurk einige yn 1916 doe't hy út Sint-Petersburg weigie en him nei wenjen sette op it Eilân Ösel (Saaremaa), dêr't er 1929 stoar. Yn 1935 droech syn soan Viktor 132.000 negativen oer oan it Russysk Steatsargyf.

In 2005 waard yn de Hermitage te Sint-Petersburch in grutte eksposysje organisearre ta eare fan Bûlla's 150e bertedei en ferkynden der el fotoboeken. Begjin 2009 wie der ek yn dependânse fan de Hermitage yn Amsterdam in útstalling fan Boela syn wurk. Syn wurk jout in unyk byld fan it Ruslân fan ein 19e-, begjin 20e iuw.

Bûlla en soannen

Karl en syn soannen Aleksander (m), Viktor (r), 1910

Karl Bûlla stie te boek as in grut ûndernimmer en boude syn fotostudio út ta in lyts ympearium, 'Bûlla en soannen', mei syn soannen Aleksander (1881-1943) en Viktor (1883-1938), teffens ferneamde fotografen (Aleksander lei him yn it earstoan spesjaal ta op studio-opnamen en yn de jierren tweintich as fotoreporter, Viktor waard in ferneamd fotosjoernalist yn de Russyske Revolúsje en de Russyske Boargerkriich en makke ek in stikmannich ferneamde foto’s fan Lenin). It libben fan de soannen betearde lykwols tragysk. Aleksander waard begjin '30 oanholden en ferballe nei de earste Goelag-kampen; hy moast ûnder oaren arbeidzje oan it Wite Seekanaal. Viktor waard 1938 ûnder de Grutte Suvering arrestearre as Dútsk spion en dêrnei deasketten.

Fotogalery

Trams op de beferzen Neva, tsjin 1900
Trams op de beferzen Neva, tsjin 1900 
groep me a, om 1900 hinne
groep me a, om 1900 hinne  
Ynstoarte ‘Egyptyske brêge’, Sint-Petersburch, 1905
Ynstoarte ‘Egyptyske brêge’, Sint-Petersburch, 1905 
Offurdigen fan de út funksje sette Steatsdoema komme yn Vyborg oan, 1906
Offurdigen fan de út funksje sette Steatsdoema komme yn Vyborg oan, 1906 
Nikolaas II, syn soan Aleksej en frou Alexandra arrivearje by de Stavka, maaie 1916
Nikolaas II, syn soan Aleksej en frou Alexandra arrivearje by de Stavka, maaie 1916 
Paleisbrêge, Sint-Petersburch, foar 1900
Paleisbrêge, Sint-Petersburch, foar 1900 
Medyske ynspeksje, om 1900 hinne
Medyske ynspeksje, om 1900 hinne  
Thúsleazeopfang, 1910
Thúsleazeopfang, 1910 
Repin skilderet Fjodor Sjaljapin, 1915
Repin skilderet Fjodor Sjaljapin, 1915 
Repin lêst berjocht fan Tolstojs dea. Dêr ek: Tsjoekovski en Repin syn frou. 1910
Repin lêst berjocht fan Tolstojs dea. Dêr ek: Tsjoekovski en Repin syn frou. 1910 
Iepening fan de Hercules club, 1912
Iepening fan de Hercules club, 1912 
Apraksin Dvor yn Sint-Petersburch, brân, july, 1914
Apraksin Dvor yn Sint-Petersburch, brân, july, 1914 
Nevski Prospekt 1906
Jachtclub Sint-Petersburch, 1902
Jachtclub Sint-Petersburch, 1902 
Koetsiers, 1902
Koetsiers, 1902 
Igor Sikorsky, Genner en Kaulbars oan board fan de Russky Vityaz, 1915
Igor Sikorsky, Genner en Kaulbars oan board fan de Russky Vityaz, 1915 
Russysk-Japanske Kriich 1904
Russysk-Japanske Kriich 1904 
Oanslach op Stolipin, 1906
Oanslach op Stolipin, 1906 
Hynstetram op de Kalinkinbrêge, begjin 1900
Hynstetram op de Kalinkinbrêge, begjin 1900 
Rûne Merk, Sint-Petersburch, foar 1900
Rûne Merk, Sint-Petersburch, foar 1900 
Sjeremetev-hûs, Oeljanka, 1908
Sjeremetev-hûs, Oeljanka, 1908 
Mandelstam, Tsjoekovski, Livsjiz en Annenkov, 1914
Mandelstam, Tsjoekovski, Livsjiz en Annenkov, 1914 
Nikolaas II, 1901
Nikolaas II, 1901 
Fytsclub, 1901
Fytsclub, 1901 
Automobylclub, 1901
Automobylclub, 1901 
Iistram, Hermitage, tsjin 1900
Iistram, Hermitage, tsjin 1900 
Simmertún, Sint-Petersburg, om 1890 hinne
Simmertún, Sint-Petersburg, om 1890 hinne 
Kade Nikolavskaja Sint-Petersburch, om 1900 hinne
Kade Nikolavskaja Sint-Petersburch, om 1900 hinne 
Gorki, Stasov en Repin, begjin 1900
Gorki, Stasov en Repin, begjin 1900 
Rebûlje op de Nevski Prospekt, july 1917, troch Viktor Bûlla
Rebûlje op de Nevski Prospekt, july 1917, troch Viktor Bûlla 
Balonfeart Netelo
Balonfeart Netelo 
Grigori Raspoetin, Majoar-generaal Poetjatin en kolonel Lotman, 1904
Grigori Raspoetin, Majoar-generaal Poetjatin en kolonel Lotman, 1904 
Leonid Andrejev en syn frou, 1903
Leonid Andrejev en syn frou, 1903 
Lev Tolstoj, 1902
Lev Tolstoj, 1902 
Fjodor Sjaljapin en freonen, reedriden, 1914
Fjodor Sjaljapin en freonen, reedriden, 1914 
Kristus-Ferlossertsjerke (Moskou), 1911
Kristus-Ferlossertsjerke (Moskou), 1911  

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Het oude Rusland, Utjouwerij Jan Mens / Fragment Utjouwerij, Amsterdam, 1990 (siden 172-186)