Keninkryk Noardumbrje

Noardumbrje (Ingelsk: Northumbria) wie ien fan de wichtige Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân foar Willem de Oermasterder. It hearde ta wat wol de heptargy neamd wurdt. De namme ferwiist nei it gebiet, noardlik fan de rivier de Humber.

Noard- en midden Ingelân om 802 hinne
Flagge fan Noardumbrje; foar 't earst beskreaun yn de 8e iuw

Dat gebiet strekte him út fan de Humber oant de Forth. It keninkryk ûntstie út de gearfoeging fan twa oare riken: Deira en Bernisia. Kening Edwin ( 616 - 632 ) fierde yn 627 it kristendom yn en wie Bretwalda fan Ingelân fan 627 oant 632. Ek syn opfolgers Oswald (633-641) en Oswiu (641-670) droegen dy titel.

Yn 810 of koart dêrfoar kaam Eanred, soan fan Eardwulf, op de troan en hearske oant 841. Under syn regear erkende Noardumbrje yn 827 it oppergesach fan Egbert, kening fan Wesseks. Yn 954 hâlde Noardumbrje op te bestean as selsstannich keninkryk.

De namme Noardumbrje wurdt om histoaryske en toeristyske redenen tsjintwurdich hieltyd faker brûkt. Fierders wurdt de namme fan it âlde keninkryk noch fuortset yn it greefskip Noardumberlân.

Keningen fan Noardumbrje

De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Bernisia en Deira (lykas yn gefal fan oare hearskers yn de heptargy) binne net hieldal wis.

NammePerioadeOpmerkingen
Esa± 500fan Bernisia
Eoppa± 520fan Bernisia
Ida547 - 559fan Bernisia
Glappa559 - 560fan Bernisia; soan fan Ida
Aelle559 - 589fan Deira
Adda560 - 568fan Bernisia; soan fan Ida
Aethelric568 - 572fan Bernisia; soan fan Ida
Theodric572 - 579fan Bernisia; soan fan Ida
Frithuwald579 - 585fan Bernisia; soan fan Ida
Hussa585 - 592fan Bernisia; soan fan Ida
Aethelric589 - 604fan Deira
Aethelfrith593 - 616
604 - 616
fan Bernisia; soan fan Aethelric
fan Deira
Edwin616 - 633fan Deira + Bernisia; soan fan Aelle
Eanfrith633 - 634fan Bernisia; soan fan Aethelfrith
Osric633 - 634fan Deira; neef fan Edwin
Oswald633 - 642
634 - 642
fan Deira; soan fan Aethelfrith
Bernisia
Oswiu642 - 655fan Bernisia; soan fan Aethelfrith
Oswine644 - 651fan Deira; soan fan Osric
Aethelwold651 - 655fan Deira; soan fan Oswald
655Deira foarmet mei Bernisia it keninkryk Noardumbrje
Oswiu655 - 670
656 - 664Aelhfrith, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu;
Ecgfrith670 - 688soan fan Oswiu
670 - 679Aelfwine, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu
Aldfrith688 - 704soan fan Oswiu
Eadwulf704 - 705soan fan Aldfrith
Osred I705 - 716soan fan Aldfrith
Coenred716 - 718
Osric718 - 729(mooglik) soan fan Aldfrith
Ceolwulf729 - 737broer fan Coenred
Eadberht737 - 758
Oswulf758 - 759soan fan Eadberht
Aethelwald Moll759 - 765
Alhred765 - 774
Aethelred I774 - 778soan fan Aethelwald Moll
Aelfwald I778 - 779soan fan Oswulf
Osred II779 - 790soan fan Alhred
Aethelred I790 - 796(op 'en nij)
Osbald796
Eardwulf796 - 806
Aelfwald II806 - 808soan fan Oswulf
Eardwulf808 - 830(op 'en nij)
Eanred810 - 844soan fan Eardwulf
Aethelred II840 - 844soan fan Eanred
Readwulf844
Aelfwald II844 - 848(op 'en nij)
Osbaht848 - 862
Aelle862 - 867
Osberht867

Untfongen fan "http://nl.wikipedia.org/wiki/Koninkrijk_Northumbria"

🔥 Top keywords: