Ko van Dijk

Ko van Dijk (junior) (Amsterdam, 25 july 1916 - De Haach, 6 maaie 1978) wie in Nederlânsk toaniel-, telefyzje-, film- en harkspulakteur en toanielregisseur. Hy spile yn 46 jier goed 300 rollen, op toaniel, yn telefyzjeriges, spylfilms en harkspulen.

Ko van Dijk
akteur
Ko van Dijk
Ko van Dijk
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne25 july 1916
stoarn6 maaie 1978
offisjele webside
www.kovandijk.nl

Biografy

Famylje en karakter

Ko van Dijk en Jetty Riecker, syn heit en mem, wiene akteurs. Van Dijk, 16 jier âld, waard trijeris ôfwiisd troch de toanielskoalle, mar syn heit besoarge him in plak yn syn selskip Het Schouwtooneel.

Van Dijk waard tige frij opbrocht, wat faaks sines dien hat ta syn ûnbehearste en egosintryske hâlden en dragen. Van Dijk wie in emosjoneel man, soms rimpen en hastich, soms fleurich as fertrietlik, mar altyd útlitten. Hy troude seis kear, efter elkoar mei Emma Lucretia ("Emmy") Scholte (1904-2003, mensendieckterapeute), Elly van Stekelenburg (aktrise), Ellen de Thouars (aktrise), Teddy Schaank (aktrise), Barbara Verkaik en Pia van den Hurk (ferpleechkundige), dochter fan de bekende Drintske fersetsstrider Peter van den Hurk. Alle houliken einigen yn in skieding. Ut syn lêste houlik waarden twa bern berne, Peter-Jan en Kees.

Wurkpaad

Van Dijk debutearre yn 1932 mei in rol yn "De Kingsfordschool", in stik fan Cissy van Marxveldt. Hy spile dêrnei ûnder mear yn stikken fan Vondel, Shakespeare en Bredero ("De Klucht van de Koe"). Yn de oarloch wurke er troch en regissearre er in stikmannich stikken (ûnder oaren "Het Bonzend Hart" fan Edgar Allan Poe) en wie er aktyf yn it kabaret "De Koplamp" mei Wim Ibo en Cees Laseur.

Ko van Dijk is him oan it tarieden foar "Requiem voor een zwaargewicht" (1959)

Van Dijk briek echt troch yn de jierren fyftich mei de stikken "De drie zusters", "Dood van een handelsreiziger" (as Bif), "Othello", "Van de brug af gezien" en "Hendrik IV". Hy waard yn dy tiid twaris útroppen ta akteur fan it jier. Yn 1957 feroarsake Van Dijk in soad opskuor troch it wegerjen fan de "Louis d'Or" (de priis foar de bêste toanielspiler fan it jier). It noaske him net dat de sjury yn syn rapport in protte kommintaar hie op syn wize fan spyljen en him alderlei tips joech om dy te ferbetterjen.

Fanôf de jierren fyftich wie Van Dijk ek atyf as harksspulakteur en spile er yn telefyzjefilms en - rigen. It stik "Requiem voor een zwaargewicht" (1959) waard in grut súkses op telefyzje. Telefyzje en radio makken dat Van Dijk net allinnich by het teaterpublyk, mar ek lanlik bekend waard. Van Dijk syn lêste rol wie dy fan Boer Bonte yn 1978 yn de tf-rige "Dagboek van een herdershond" ûnder regy fan Willy van Hemert. Dêrnei Hierna gong er op toernee mei it stik "Herfst in Riga", yn 'e mande mei Mary Dresselhuys. De lêste foarstelling wie op freed 5 maaie 1978.

Ko van Dijk stoar in dei letter oan in longûntstekking, folge troch in hertynfarkt, allinne yn syn flat yn De Haach, yn de âldens fan 61 jier.

Begraffenis

Van Dijk waard opbierd yn de Keninklike Skouboarch yn De Haach, freonen en kollega's weitsen by him. Ut de skouboarch wei waard Van Dijk op 11 maaie oerbrocht nei begraafplak Westduin. Der stiene in soad minsken oan de rûte nei it hôf. Jeroen Krabbé hat it letter omskreaun as in soarte fan steatsbegraffenis.

Filmografy

  • Jenny (spylfilm, 1958) - De heit fan Jenny, akteur
  • Pension Hommeles (tf-rige, 1957-1959) - Gastrol as filmprodusint
  • Requiem voor een zwaargewicht (tf-film, 1959) - Mountain Malloy, bokser
  • Het grote mes (tf-film, 1960) - ?
  • De zaak M.P. (spylfilm, 1960) - Philidoor Peters
  • De komiek (tf-film, 1962) - ?
  • De opvolger (Toneelregistratie, 1965)
  • Box en Cox (Tf-film, 1965) - ?
  • Een Florentijns treurspel (tf-film, 1965) - Simone
  • De man, de vrouw en de moord (tf-bewurking, 1966)
  • Ja Zuster, Nee Zuster (Tf-rige, 1967) - Johan de Groot (ofl., De knödel)
  • Mooi weer vandaag (Tf-bewurking, 1971) - Max
  • Karakter (lytse tf-rige, 1971) - Arend Barend Dreverhaven
  • Uilenspiegel (Tf-rige, 1973) - Keizer Karel V
  • Naakt over de schutting (Spylfilm, 1973) - Higgins
  • Vader en zoon (tf-rige, 1974) - Buorman
  • Durmazon (tf-rige, 1974-1975) - Sikkel
  • Pygmalion (tf-film, 1976) - Alfred Doolittle
  • Dagboek van een herdershond (1978) - Boer Nicolaas Bonte
  • Standrecht (tf-film, 1977) - Passetti
  • Marius, Fanny en César (tf-rige, 1977) - César
  • Liefde half om half (tf-film, 1979) - Frak Foster
  • Erik of het klein insektenboek (tf-rige, 1979) - Glimwjirm

Harkspul en Radio

  • Mimosa
  • Koek en Ei
  • Biels en Co, (1968-1972)

Underskiedingen en prizen

  • Louis d’Or foar syn rol yn Tartuffe (1957).
  • Albert van Dalsumring (1972).
  • Gouden Televizierring foar Dagboek van een herdershond (1978).

Keppelings om utens

Literatuer