Liv and Maddie

Liv and Maddie, yn it fjirde seizoen omneamd ta Liv and Maddie: Cali Style, is in Amerikaanske komeedzjesearje dy't útstjoerd waard op it Disney Channel. Dove Cameron spilet de titelrollen fan sawol Liv en Maddie, in ienaaiïge twilling mei twa folslein ferskillende persoanlikheden, dy't dochs hertsfreondinnen binne. Joey Bragg, Tenzing Norgay Trainor, Kali Rocha, en Benjamin King spylje de byrollen.

Liv and Maddie
tillefyzjesearje
makkers
betocht trochJohn D. Beck & Ron Hart
ûntwikkele trochJohn D. Beck & Ron Hart
Andy Fickman
Betsy Sullenger
John Peaslee
produsintGreg A. Hampson
tillefyzjestudioBeck & Hart Productions
Oops Doughnuts Productions
It's a Laugh Productions
spilers
haadrollenDove Cameron
Joey Bragg
Tenzing Norgay Trainor
Kali Rocha
Benjamin King
skaaimerken
sjenrekomeedzje
seizoenen4
jierren20132017
tal ôfl.80
spyltiid (ôfl.)22–25 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taalIngelsk

Produksje

Liv and Maddie waard oarspronklik tusken 19 july 2013 en 24 maart 2017 útstjoerd. De searje is optocht troch John D. Beck en Ron Hart, dy't allebeide ek útfierend produsint binne. Liv and Maddie wurdt produsearre as in joint venture fan Beck & Hart Productions, Oops Doughnuts Productions en It's a Laugh Productions. Utfierend ko-produsint is Andy Fickman.

Ferhaal

De searje giet oer de 15-jierrige ienaaiïge twilling Liv en Maddie Rooeney, dy't tige ferskillend fan karakter binne: Liv is in blier, enerzjyk famke en presintearret in eigen tillefyzjeprogramma, wylst Maddie in aktive sportster is, dy't yn 't bysûnder súksesfol is as lid fan it basketbaltiim fan har skoalle. As Liv yn it begjin fan 'e searje thús komt út Hollywood, wurde de konfrontearjende spannings tusken de beide susters fluch sichtber, fral as Liv tige populêr wurdt op Maddie har skoalle.

Rolferdieling

  • Dove Cameron as Liv en Maddie Rooney
  • Joey Bragg as Joey Rooney
  • Tenzing Norgay Trainor as Parker Rooney
  • Kali Rocha as Karen Rooney
  • Benjamin King as Pete Rooney
  • Lauren Lindsey Donzis as Ruby