Mae West

Mary Jane (Mae) West (17 augustus 1893, Brooklyn, New York City - 22 novimber 1980, Hollywood, Kalifornje) wie in Amerikaansk aktrise, senarioskriuwster, toanielskriuwster en sekssymboal, dy't yn de jierren 30 mei har suggestive, seksueel-tinte dialogen tige populêr waard, mar ek in soad kontroverze feroarsake. Dy dialogen wienen faak op de grins fan wat de sensuer noch tastean koe. West skreau al har teksten sels. Guon fan har útspraken wurde noch regelmjittich oanhelle, lykas: Come up an' see me some time en Is that a gun in your pocket, or are you just glad to see me?.

Mae West
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMary Jane West
nasjonaliteitAmerikaansk
berne17 augustus 1893
stoarn22 novimber 1980
jierren aktyf1907–1978
offisjele webside
IMDb-profyl
Mae West yn I'm No Angel
"Diamond Lil" werom nei New York út Hollywood, 1933
Mae West (Hollywood 1933)
Cary Grant en Mae West yn I'm No Angel (1933)

West har populêrens wie yn de tritiger jierren op it hichtepunt. Yn 1935 wie hja de bêst betelle froulike artyste yn de Feriene Steaten.

Fan 1933 ôf krige West it hieltiid mear swierrichheden om't de sensuer stranger waard. Ek religieuze organisaasjes protestearren tsjin West's films en ein jierren 30 waard hja in skoft fan de radio ferballe. Films as Klondike Annie en Go West Young Man (beide út 1936) wiene lykwols noch skerp fan tekst en populêr nettsjinsteande de oanheljende sensuer.

Yn 1940 spile hja tegearre mei W.C. Fields yn de súksesfolle film My Little Chickadee. It wie bekend dat de twa stjerren it net meiinoar fine koene. Nei The Heat's On út 1943 stoppe sy mei films en gie se de nachtklubs en it teäter yn, dêr't de sensuer minder ynfloed hie en hja mear artistyke frijheid hie. Hja joech foarstellings yn ûnder oaren Ingelân en Las Vegas. By har shows yn Las Vegas hie West bodybuilders om har hinne en song se ek. De show wie tige súksesfol en waard jierrenlang fuortset.

Yn 1959 skreau hja har autobiografy Goodness Had Nothing To Do With It. Yn de santiger jierren ferskynde hja noch yn twa films, Myra Breckinridge yn 1970 en Sextette ym 1978. Yn 1980 stoar Mae West nei in stikmannich beroerten mei 87 jier yn Hollywood. Se waard begroeven yn New York.

Mae West hat ien kear troud west, mei Frank Wallace fan 11 april 1911 oant 21 july 1942. Hja hat dat nea tajaan wollen en se hawwe nea ûnder ien dak wenne.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1932Night After NightMaudie Triplett
1933She Done Him WrongLady Lou
I'm No AngelTira
Hollywood on Parade No. A-9HarselsKoart ûnderwerp
Hollywood on Parade No. B-5HarselsKoart ûnderwerp
1934Belle of the NinetiesRuby Carter
1935Goin' To TownCleo Borden
The Fashion Side of HollywoodHarselsKoart ûnderwerp
1936Klondike AnnieThe Frisco Doll/Rose Carlton/Suster Annie Alden
Go West, Young ManMavis Arden
1937Every Day's a HolidayPeaches O'Day
1940My Little ChickadeeFlower Belle Lee
1943The Heat's OnFay Lawrence
1970Myra BreckinridgeLeticia Van Allen
1978SextetteMarlo Manners/Lady Barrington

Op Broadway

DatumProduksjeRolOantekenings
septimber 22-30, 1911A La BroadwayMaggie O'Hara
novimber 20, 1911-febrewaris 24, 1912Vera ViolettaWest ferliet de show by foarbeskôging
april 11-septimber 7, 1912A Winsome WidowLe Petite DaffyWest ferliet de show fuort nei't er iepene wie
pktober 4, 1918-Juny 1919Sometime
augustus 17-septimber 10, 1921The Mimic World of 1921
april 26, 1926-maart 1927SexMargie LaMontSkreaun troch Jane Mast (West)
jannewaris 1927The Drag
novimber 1927The Wicked AgeEvelyn ("Babe") Carson
april 9-septimber 1928Diamond LilDiamond Lil
oktober 1-2, 1928The Pleasure Manallinnich skriuwer
septimber 14 - novimber 1931The Constant SinnerBabe Gordon
augustus 2, 1944-jannewaris 13, 1945Catherine Was GreatCatherine II
1945-1946Come On UpToer
septimber 1947 - maaie 1948Diamond LilDiamond LilFeriene Keninkryk en Skotlân
febrewaris 5-26, 1949
septimber 7, 1949-jannewaris 21, 1950
Diamond LilDiamond Liloant West letter har ankel bruts.
septimber 14 - novimber 10, 1951Diamond LilDiamond Lil
july 7, 1961 - lêste kear net wisSextetteEdgewater Beach Playhouse

Oare spullen as skriuwer

JierRolOantekenings
1921The Ruby RingVaudeville playlet
1922The HussyNet makke
1930Frisco KateNet makke
1933Loose WomenUtfierd yn 1935 mei as titel Ladies By Request
1936Clean BedsHja ferkoft de bewurking oan George S. George, dy't produsint wie
in net slagge bewurking.

Trivia

  • Alliearde soldaten neamden harren rêdingfesten, yn de Twadde Wrâldkriich, "Mae Wests", faaks om't it fest tinken die oan de grutte boarsten fan dizze aktrise.
  • It keunstwurk 'De lippen fan Mae West' fan Salvador Dali hat har wierskynlik noch ferneamder makke as dat hja al wie. It is in rôze siden bank yn de foarm fan in gleone mûle.

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: