Mozilla Firefox

frije webblêder ûntwikkele troch it Mozilla-projekt
Mozilla Firefox
Logo mei foks rûn de wrâld
It finster fan Firefox
In skermprint fan Firefox 89.0 yn de KDE-buroblêdomjouwing

UntwikkelderMozilla Foundation en bydragers
Mozilla Corporation
Meast resinte ferzje41.0/ 22 septimber 2015
Lêste bêtaferzje40.0 Bêta 6/ 21 july 2015
PlatfoarmAndroid, Firefox OS, Linux, OS X, Unix (ports), Windows
KategoryWebblêder
LisinsjeMPL 2.0
Websteemozilla.org/firefox

Mozilla Firefox is in iepenboarne websneuper. De oarspronklike ferzje is út 2002.

Oersetting nei it Frysk

Yn april 2006 is in Frysktalige ferzje fan it programma fan de Mozilla-organisaasje klearkaam. Mei de kommando-opsje '--UILocale fy' kin de Fryske oersetting opstart wurde, wannear't dy ynstallearre is.

In Frysktalige iOS-app wurdt oanbean yn iTunes, mar iOS sels stipet it Frysk noch net.

Fryske staveringshifker

De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of de 'Frysk Wurdboek'-tafoeging yn Firefox/Thunderbird sels. Yn de lytsere Android/iOS-ferzje sit gjin staveringshifker.

Sjoch ek

Keppelings om utens

🔥 Top keywords: