Noard-Ierlân

Tuaisceart Éireann
Flagge fan Noard-IerlânWapen fan Noard-Ierlân
FlaggeWapen
Lokaasje fan Noard-Ierlân
Offisjele taalIngelsk, Iersk-Gealik
HaadstêdBelfast
SteatsfoarmDiel fan it Feriene Keninkryk
Gebiet
% wetter
13.843 km²
-­%
Ynwenners (2004)1.710.300
MuntBritsk pûn (£) (GBP)
Nasjonale feestdei-
Lânkoaden.f.t.
Ynternet.uk (Grut-Brittanje)
Tillefoan44 (Grut-Brittanje)

Noard-Ierlân (Ingelsk: Northern Ireland, Iersk-Gealik: Tuaisceart Éireann) is in part fan it Feriene Keninkryk dat it noardeastlike diel fan it eilân Ierlân omfiemet.

Geografy

Noard-Ierlân leit op it eilân Ierlân en grinzget oan de Republyk Ierlân. De kusten fan it Ierske eilân binne rûch mei hege kliffen.

De hichteferskillen yn Noard-Ierlân binne net bjusterbaarlik grut, de Slieve Donard (848 m) yn de Mourne Mountains is it heechste punt fan Noard-Ierlân. De Mourne Mountains lizze yn it súdeasten fan it lân, oare berchten binne de Sperrin Mountains yn it noardwesten en it Antrim Plateau yn it noardeasten.

Der binne fiif stêden mei stêdsrjochten:

Skiednis

  • 1801, it Keninkryk Ierlân en Grut Brittanje troch Act of Union gearfoege.
  • 1922, Ierlân wurdt ûnôfhinklik. Noard-Ierlân bliuwt lykwols by Grut-Brittanje.
  • 1972, Bloody Sunday.
  • 1973, by in referindum kiest 57,4 fan de stimmers om net by Ierlân mar by Grut-Brittanje te bliuwen.
  • 2005, de militêre tûke fan de IRA hâldt dermei op. Tenei allinnich warber op it politike mêd.
🔥 Top keywords: