Romy Schneider

Romy Schneider, skûlnamme fan Rosemarie Magdalena Albach (Wenen, 23 septimber 1938 - Parys, 29 maaie 1982) wie in Eastenryksk aktrise, dy't trochbrutsen is mei de rol fan Elisabeth fan Eastenryk yn Ernst Marischka's filmsyklus Sissi.

Romy Schneider
akteur
Romy Schneider, (1973)
Romy Schneider, (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRosemarie Magdalena Albach
nasjonaliteit Eastenryksk,
Dútsk
berne23 septimber 1938
berteplakWenen
stoarn29 maaie 1982
stjerplakParys
jierren aktyf1953-1982

Libben

Schneider op it affysje fan Ein Engel auf Erden (1959)

Se wie de dochter fan Magda Schneider en Wolf Albach-Retty, dy't beide ek akteur wiene. Omdat har mem Dútske wie en Wenen ûnder har berte by Dútslân hearde, krige Romy de Dútske nasjonaliteit. Har beppe Rosa Albach-Retty wie ek in bekende Eastenrykse aktrise.

De Sissi-films (1955-1958) makken Schneider wrâldwiid sa ferneamd, dat se dêrnei nea wer fan it sûkerswiete imago fan dy rol ôfkaam. Mei beide hannen naam se dan ek it oanbod oan om te aktearjen yn de frijwat swiermoedige film Christine. By de opnamen yn 1958 krige se in relaasje mei har meiakteur, de Frânsman Alain Delon en ferfear mei him nei Parys. Se wurke dêr ûnder oare mei Luchino Visconti en Orson Welles. Hoewol't se troch it publyk noch hieltyd as Sissi sjoen waard, betsjutte dizze feroaring yn har karriêre al de ûntsnapping oan har imago. Fia Frankryk kaam se yn 1963 yn Hollywood, dêr't se tegearre mei Jack Lemmon yn Good Neighbor Sam spile, har earste Amerikaanske film. It is ien fan de pear komeedzjes dêr't se in haadrol yn spile hat. Yntusken rûn yn 1964 har relaasje mei Delon op 'e non. Yn 1965 spile se mei Woody Allen yn What's New, Pussycat?. Letter spile se noch mei Alain Delon yn de broeierige misdiedfilm La Piscine en yn it histoarysk drama The Assassination of Trotsky (1971). Yn 1972 spile Schneider noch ien kear de rol fan Elisabeth fan Eastenryk, no yn de film Ludwig oer de neef fan Elisabeth, de kening fan Beieren Loadewyk II.

Yn 1966 boaske se mei Harry Meyen. Yn datselde jier waard harren soan David berne. Mar ek dizze relaasje rûn op neat út. Op 'e dei nei de skieding boaske se mei har priveesekretaris Daniel Biasini. Yn de simmer fan 1977 waard dochter Sarah Magdalena berne. it oarlochsdrama La passante du Sans-Souci, soe de lêste film wurde dêr't Schneider yn te sjen wie.

Yn 1981 gie it minder yn har priveelibben. Nei de skieding fan Biasini ferûngelokke har soan David: hy waard op 5 july spytse op in stek doe't er nei ûnderen foel by it boartjsen by it hûs fan de âlden fan Biasini. Net lang nei de premjêre fan La passante du Sans-Souci op 14 april 1982 yn Frankryk, waard se dea yn har wenning yn Parys oantroffen. In oerdoasis slieppillen soe de oarsaak west hawwe, mar letter waard dat tsjinsprutsen en waard sein dat in hertoanfal de oarsaak fan har iere ferstjerren is. Se waard begroeven op it begraafplak fan Boissy-sans-Avoir. Har soan David rêst yn itselde grêf.

Filmografy karút

Romy Schneider as Sissy yn 1955
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1953Wenn der weiße Flieder wieder blühtEvchen Förster
1954Mädchenjahre einer KöniginPrincess Victoria / Queen Victoria
1954FeuerwerkAnna Oberholzer
1955SissiSissi
1956Sissi - Die junge KaiserinSissi
1957Sissi - Schicksalsjahre einer KaiserinSissi
1957Robinson soll nicht sterbenMaud
1957MonptiAnne-Claire Jouvain
1958EvaNicole
1958Mädchen in UniformManuela von Meinhardis
1958ChristineChristine Weiring
1961Boccaccio '70Pupe (segment Il lavoro)
1962The TrialLeni
1962The VictorsRegine
1963The CardinalAnnemarie von Hartman
1964Good Neighbor SamJanet Lagerlof
1965What's New, Pussycat?Carole
196510:30 P.M. SummerClaire
1966Triple CrossCountess
1968OtleyImogen
1969La PiscineMarianne
1970La califfaIrene Corsini
1970Les choses de la vieHélène
1970My Lover My SonFrancesca Anderson
1971BloomfieldNira
1971The Assassination of TrotskyGita Samuels
1972César et RosalieRosalie
1972LudwigElisabeth fan Eastenryk
1973Le TrainAnna Kupfer
1974L'important c'est d'aimerNadine Chevalier
1975Le Vieux FusilClara Dandieu
1975Les Innocents aux mains salesJulie Wormser
1977Gruppenbild mit DameLeni Gruyten
1978A Simple StoryMarie
1979BloodlineHélène Martin
1979Clair de femmeLydia
1979Death WatchKatherine Mortenhoe
1981Fantasma d'amoreAnna Brigatti Zighi
1981Garde à vueChantal Martinaud
1982La Passante du Sans-SouciElsa Wiener/Lina Baumstein

Keppeling om utens

Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Romy Schneider fan Wikimedia Commons.
🔥 Top keywords: