Rynlânske waaier

De Rynlânske waaier is de namme foar it taalkundige oergongsgebiet fan guon isoglossen yn de Frankyske taalfarianten, dy't fan it Nederfrankysk oer it Middelfrankysk (Ripuarysk en Mûzelfrankysk) nei it Rynfrankysk rinne. Hy rint fan noard nei súd fan de Alde Isel, Uerdingen, Düsseldorf-Benrath, Keulen, Bonn, Bad Honnef, Linz, Bad Hönningen, Koblenz en Sankt Goar nei Spiers. De isoglossen binne neamd nei dy plakken dy't allegear oan de Ryn lizze en op de kaart lykje dy winliken op in waaier. Yn dat gebiet lizze ûnder oaren ek de kriten fan de Nederryn, de Keulske Bocht, Eifel, Hunsrück en it Westerwald.[1][2]

Yn de krite kaam de Heechdútske lûdferskowing mar foar in part. De taalfarianten yn de Rynlânske waaier wurde ta it Middeldútsk. De noardliker de mear de taalfarianten op it Nederfrankysk en Nedersaksysk lykje.

De Rynlânske waaier
Nederfrankysk:
1: Noardnederfrankysk
2: Súdnederfrankysk
Westmiddeldútsk:
3: Ripuarysk
4: noardlik Mûzelfrankysk
5: súdlik Mûzelfrankysk
6: Rynfrankysk
isoglossenoardliksúdlik
Noardnederfrankysk (Nederlânsk, Kleverlânsk, Eastbergysk), Nedersaksysk (Westfaalsk)
Uerdinger liny
Nederfrankysk/Middeldútske taalgrins[3] (dizenich)
ikich
Súdnederfrankysk (Limburchsk)
Benrather linymakenmachen (meitsje)
Ripuarysk (Keulsk, Bonnsk, Akensk, Kerkraadsk)
Bad Honnefer liny (falt rûchwei gear mei de grins tusken Noardryn-Westfalen/Rynlân-Palts)[4]DorpDorf
noardlik Mûzelfrankysk (Lúksemboarchsk
Linzer linytëschen, tëschtzwëschen, zwëscht (tusken)
Bad Hönninger liny
Vinxtbach-liny
opof
súdlik Mûzelfrankysk
Bopparder linyKorfKorb
Sankt Goarer liny
dat-das-liny [5]
datdas
Rynfrankysk (Paltsysk, Rynhessysk, Hessysk)
Spierske liny[6]
Middel-/Opperdútske taalgrins
Appel, PundApfel, Pfund
Karlsruher liny
Middel-/Opperdútske taalgrins (ferâldere)
euch, mäheenk, mähet
Opperdútsk

Sjoch ek

Literatuer

  • Georg Wenker (1877) Das rheinische Platt (Werprintinge yn: Sammlung deutsche Dialektgeographie Heft 8, Marburg, 1915.)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: