Sûaanske talen

De Sûaanske talen of Sûaansk-Katôbyske talen foarmje ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika. De measten leden fan dizze taalfamylje binne sitewearre op 'e Grutte Flakten, wylst party eastliker sprutsen wurde (of waarden), en ien yn 'e Rocky Mountains fan Kanada bedarre is.

Sûaanske talen
algemien
oare namme(n)Sûaansk-Katôbyske talen
lokaasjesintraal en eastlik
Noard-Amearika
tal talen±14 en ±9 †
tal sprekkers±40.000
taalbesibskip
taalfamyljegjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepenEastsûaansk
Westsûaansk
taalkoades
ISO 639-5sio

Namme

De measte taalkundigen sprekke fan "de Sûaanske talen", dy't se dan opdiele yn 'e Westsûaanske (of Echt Sûaanske) en de Eastsûaanske (of Katôbyske) talen. Party beheine it gebrûk fan 'e namme "Sûaansk" lykwols ta de westlike tûke fan 'e famylje, en neame de hiele famylje "de Sûaansk-Katôbyske talen". Yn beide gefallen wurdt itselde bedoeld; der is gjin taalkundich ûnderskie tusken de termen.

Fersprieding fan 'e Sûaanske talen yn Noard-Amearika (foàr de kolonisaasje troch de Jeropeänen).

Opbou

De opbou fan 'e Sûaanske taalfamylje is sa:

Besibskip mei oare talen

Taalwittenskippers tinke dat it Jûtsy (Yuchi), in isolearre taal út it Amerikaanske súdeasten, miskien de neiste sibbe wêze kinne soe fan 'e Sûaanske talen. As men fierder teorisearret komt men by de Makro-Sûaanske talen út. Dat is in hypotetyske taalfamylje dy't behalven Sûaansk-Jûtsy ek de Keddoaanske en de Irokeeske talen omfetsje soe. In noch fierdere sibbe soe dan it Kerresan (Keresan) wêze kinne; de hypotetyske famylje dy't de Makro-Sûaanske talen en it Kearesan omfiemet, wurdt de Kearesûaanske taalfamylje neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

🔥 Top keywords: