Sheffield

Sheffield is in stêd (city) en (sûnt 1842) in distrikt yn Súd Yorkshire, Noard-Ingelân, mei 512.242 ynwenners, dat de stêd is nei ynwennertal de tredde fan Ingelân. Yn de agglomeraasje om de stêd hinne wenje sa'n 1,37 miljoen minsken.

Wapen Sheffield
Sheffield
LânFeriene Keninkryk
Distrikt:Sheffield
Provinsje:Súd Yorkshire
Krite:Yorkshire and the Humber
Ynwennertal513,234 (2001)
Oerflak:367,9 km² km²
Tiidsône:Greenwich Mean Time
Boargemaster:Graham Oxley
Webside:Webstee Sheffield
Lizzing Sheffield

Eartiids wie Sheffield fral in yndustrystêd, dy't yn de 19e iuw wrâldferneamd wie fanwegen it bêst stiel dat dêr makke waard. Op dat mêd waarden in soad pleatslik ûnwikkele fernijingen tapast, sa as stainless stiel. Yn it tiidrek fan de Yndustriële Revolúsje feroarsake dat in fertsienfâldiging fan it ynwenneroantal. Troch ynternasjonale kompetysje en konkurrinsje rekke de stielyndustry yn de jierren 1970/80 yn de nederklits, tafallich tagelyk mei delgong fan de stienkoalminen yn dy kriten.

Begjin 21e iuw lit in soad nije ûntjouwings sjen yn Sheffield en oare Britske stêden. Sheffield's ekonomy waakst stadichoan, mear as yn oare parten fan Yorkshire en Humber. Sheffield is in wichtich tsjinstesintrum wurden, dêr't ek in tal grutte banken sitte. De stêd hat in eigen tramsysteem, de Sheffield Supertram.

De stêd Sheffield leit op in punt dêr't fiif rivieren byinoar komme, en in grut part is boud op de hellings fan hichten en sjocht út op it stêdssintrum en it omlizzend plattelân. Der wurdt rûsd dat Sheffield mear as twa miljoen beammen hat, mear de man as yn hokker Jeropeeske stêd dan ek; 61% fan de stêd is griene romte.

Demografy

Befolkingsûntwikkeling

Jier18011851190119211941195119611971198119912001
Befolking60,095161,475451,195543,336569,884577,050574,915572,794530,844528,708513,234
Source: A Vision of Britain through Time[1]

Sheffield fergelike

Sheffield fergelike mei[2][3]
Feriene Keninkryk 2001SheffieldSúd YorkshireIngelân
Totale befolking513,2341,266,33849,138,831
Berne om utens6.4%8.9%9.2%
Wyt91%95%91%
Asiatysk4.6%2.6%4.6%
Swart1.8%0.9%2.3%
Kristen69%75%72%
Moslim4.6%2.5%3.1%
Hindû0.3%0.2%1.1%
Gjin religy18%14%15%
Boppe 75 jier8.0%7.6%7.5%
Wurkleas4.2%4.1%3.3%

Berne yn Sheffield

  • Gordon Banks (20 desimber 1937), fuotballer
  • A. S. Byatt, skriuwster
  • Bruce Chatwin, skriuwer
  • Joe Cocker, Rhythm and Blues-sjonger
  • Henry Shaw (24 july 1800), botanikus en filantroop, oprjochter fan de Missouri Botanical Garden
  • Alex Turner (6 jannewaris 1986), Sjonger en gitarist fan de Arctic Monkeys
  • Malcolm Elliott (1 july 1961), hurdfytser
  • Billy Sharp (5 febrewaris 1986), fuotballer
  • Nicky Weaver (2 maart 1979), fuottballer
Panorama fanút Meersbrook Park.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: