Somme (departemint)

Frânsk departemint

Somme (Pikardysk: Sonme) is in Frânsk departemint en de regio Opper-Frankryk. It is ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn de tiid fan de Frânske Revolúsje foarme waarden út in diel fan de provinsje Pikardje (Amiénois, Marquenterre, Ponthieu, Santerre en Vimeu). Fan 1960 oant 2015 hearde it by de regio Pikardje, dat sûnt 2016 yn de regio Hauts-de France opgyng.

Somme

Lokaasje fan it departemint Somme (read) yn Frankryk.
flaggewapen
polityk
soarte gebietdepartemint
lân Frankryk
regio Opper-Frankryk
haadplakAmiens
grutste plakAmiens
departemintsnûmer80
sifers
ynwennertal598.978 (2018)
oerflak6.170 km²
befolkingstichtens94 / km²
oar
stifting1790
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten49°53′ N 02°25′ E
websidesomme.fr

Geografy

It departemint grinzget yn it noarden oan de departeminten Pas-de-Calais en Nord, yn it easten oan it departemint Aisne, yn it suden oan it departemint Oise en yn it westen oan it departemint Seine-Maritime en it Kanaal.

Troch it departemint rint de rivier de Somme.

Skiednis

Wat der nei de Slach oan de Somme oerbleau fan it bosk fan Delville by Longueval (1916)

De rivier de Somme hat jimmeroan in grutte rol spile yn de skiednis fan de streek. Yn 1066 wie Saint-Valery-sur-Somme it plak dêr't de float fan Willem de Oermasterer de oerstek makke nei Ingelân.

De rivier spile ek in rol yn 1346 yn 'e striid tusken Eduard III fan Ingelân en Filips VI fan Frankryk en de fjildtocht dy't letter late ta de Slach by Azincourt yn 1415.

Yn 1636 yn de Tritichjierrige Oarloch fersloegen Spaanske troepen ûnder oanfiering fan Thomas Frans, prins fan Carignano, it Frânske leger oan de Somme.

Mar it meast bekend is de Slach oan de Somme yn de Earste Wrâldkriich. Dy slach duorre fan july oant novimber 1916 en Frankryk, it Feriene Keninkryk en Dútslân ferlearen mear as ien miljoen man sûnder ek mar wat terrein te winnen. Ek de grutte fjildslagen dy't lang om let de Dútsers stopten yn it Maitiidsoffensyf fan 1918 waarden útfochten yn de delte fan de Somme yn plakken lykas Villers Bretonneux.

Bestjoerlike yndieling

Bestjoerlike yndieling fan it departeminten

It departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 4 arrondisseminten, 23 kantons en 772 gemeenten:

ArrondissemintYnwenners 01.01.2018Oerflak (km²)Ynwenners/km²KantonsGemeenten
Abbeville124.3381.563,89806164
Amiens304.8142.358,3412913291
Montdidier47.469787,22603109
Peronne94.0411.497,30634208
Departemint Somme570.6626.206,759223772

Befolkingsûntwikkeling departemint Somme sûnt 1962

Jier196219681975198219901999200820152018
Ynwenners487.524511.491538.462544.570547.825565.561575.086571.879578.978
Boarnen: Cassini en INSEE

Stêden

De grutste stêden neffens ynwennertal fan it departemint binne:

StêdYnwennertalArrondissemint
Amiens133.891Amiens
Abbeville22.837Abbeville
Albert9.810Péronne
Péronne7.595Péronne
Corbie6.307Amiens
Doullens5.998Amiens
Montdidier6.174Montdidier
Roye5.709Montdidier
Longueau5.693Amiens

Ofbylden

 
Departeminten fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten
971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

🔥 Top keywords: