Wettertoer fan Stedskanaal

De wettertoer fan Stedskanaal is in wettertoer yn it doarp Stedskanaal yn it súdeasten fan de Nederlânske provinsje Grinslân. It waard troch arsjitekt ir. H.F. Mertens ûntwurpen en yn 1935 waard it boud.

Wettertoer Stedskanaal
Watertoren Stadskanaal
bouwurk
De Wettertoer fan Stedskanaal
De Wettertoer fan Stedskanaal
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
plakStedskanaal
koördinaten52° 58′ 20″ NB, 6° 58′ 30″ EL
bysûnderheden
type bouwurkwettertoer
boujier1935
arsjitektir. H.F. Mertens
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer516263
oare ynformaasje
hichte42,76 m
offisjele webside
watertorenstadskanaal.nl/

De toer hat in hichte fan 42,76 meter en it grûnwurk stiet op +7,10 NAP. De toer hat in wetteropslach fan 900 m³. De toer bestiet út 566.000 stiennen en 625 m³ beton.

De technyske konstruksje waard troch Waprog ûntwurpen, wylst it gebou sels troch ir. H.F. Mertens ûntwurpen waard, dy't de wettertoer it uterlik yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle joech, dêr't reade bakstiennen oerhearskje. Mertens hat ek de wettertuorren fan Bilthoven en dy fan Soest (beide 1926) ûntwurpen. De wettertoer fan Stedskanaal liket in soad op de Wettertoer fan Alde Pekela (1938), dy't ek troch Mertens ûntwurpen waard.

De reden foar it bouwen fan de toer wie dat it drinkwetter út it folle leger lizzende Onnen komme moast en dat dêfoar in lange lieding nedich wie. Boppedat soe it wetter fierder nei Ter Apel en Musselkanaal pompt wurde moatte. Mei it bouwen fan de toer wiene der minder krêftige pompen nedich. Inkelde tsientallen jierren letter rekke de toer oerstallich. Yn 1993 waard de toer op de list fan gemeentlike monuminten setten en yn 1994 waard de gemeente Stedskanaal eigener fan de toer. Sûnt 2005 is de toer en it Huize Ter Marse, dat njonken de toer stiet, in ryksmonumint.

De toer wie yn gebrûk as útsichttoer mei 208 trêden. Fan de útsichttoer ôf is by moai waar de Martinitoer en oare heechbou fan Grins te sjen. De toer waard yn 2018 oan partikulieren ferkocht en krijt in hoarekafunksje.

Keppeling om utens

De wettertoer en Huize Ter Marse