Witte Paarden

Witte Paarden ('Wite Hynders') is in buorskip yn de gemeente Stienwikerlân, yn de provinsje Oerisel.De buorskip leit yn de Kop fan Oerisel noardwestlik fan Stienwyk en de provinsjale wei N761 (pleatslik bekend as de Stienwikerwei) deun oer de Frysk-Oeriselske grins. It plakje hat 220 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Witte Paarden
Polityk
provinsje Oerisel
gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal220 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade8335
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 49' NB, 6° 5' EL
Kaart
Witte Paarden (Oerisel)
Witte Paarden

Skiednis

De namme Witte Paarden komt fan in herberch. Dy herberch wie eartiids in útspanning oan de wei Swol - Ljouwert, dêr't ek oernachte wurde koe, en ek de hynders nachts op stâl en fersoarge wurde koene. Yn 1953 besluet de gemeenteried fan de doetiidske gemeente Stienwikerwâld de buorskip nei de herberch te ferneamen [2]

Lizzing

By Witte Paarden leit in brêge oer A32 en it spoar Stienwyk - Wolvegea. Troch it yn de lêste iistiid opdreaune sân, driuwwâlen, binne de omkriten fan Witte Paarden heuveleftich.

Eastlik fan Witte Paarden leit it geologysk monumint Wolterholten.

De buorskip hat winliken in beboude kom en hat dêrtroch blauwe kombuorden. It plak wurdt dan ek wol as doarp sjoen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Stienwikerlân
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
Aldemerk • Belt-Schutsloot • BlankenhamEesveenGiteren • Kallenkote • De KúnderOssensyl • Scheerwolde • Sint-JanskleasterStienwikerwâld • Wanneperveen • Willemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
Baarlo • Baars • Barsbeek • Basse • Basserveld • Blauwe hand • De Bult • Doosje • Dinxterveen • Dwarsgracht • Eese • Heetveld • Iselham • Jonen • Kadoelen • Kalenberch • De Klosse (foar in part) • De Krieger • De Kolk • Leeuwte • Marijenkampen • Moespot • Molenhoek • MuggenbeetNederland • Onna • Paasloo • Poepershoek • De Pol • Roekebosch • Ronde Blesse • Ronduite • Thij • Tuk • Westeinde • Wetering • Witte Paarden • Zuideinde • Zuidveen
wizigje