Ynternasjonale Lofthaven O'Hare

Ynternasjonale Lofthaven O'Hare (IATA: ORD, ICAO: KORD), iepene yn 1944, is in ynternasjonale lofthaven, sa'n 27 kilometer noardwest fan de stêd Chicago yn 'e Feriene Steaten. Der leit lykwols in lofthaven tichter by de stêd, Chicago Midway, mar O'Hare is fierwei de wichtichste.

Ynternasjonale Lofthaven O'Hare
Chicago O'Hare International Airport
IATA: ORDICAO: KORD
Algemien
Oprjochte1944
TypePublyk
LokaasjeChicago, Feriene Steaten
Hichte204 meter boppe seenivo
Websidewww.flychicago.com/ohare
Startbanen
   Baan     Lingte  Materiaal
10L/28R3.962 mAsfalt/beton
10C/28C3.292 mBeton
14L/32R3.050 mAsfalt
14R/32L2.952 mAsfalt/beton
04R/22L2.461 mAsfalt
09R/27L2.428 mAsfalt/beton
04L/22R2.286 mAsfalt
09L/27R2.286 mBeton
Kaart
Ynternasjonale Lofthaven O'Hare (Chicago)
Ynternasjonale Lofthaven O'Hare
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago.

O'Hare is sûnt 2014 de drokste lofthaven fan 'e wrâld nei tal starts en lânings, en oant 1998 wie it ek de drokste lofthaven fan 'e wrâld nei tal passazjiers.

De lofthaven hat septimber 2014 streekrjochte ferbinings mei 210 bestimmings yn Noard-Amearika, Súd-Amearika, Aazje en Jeropa. Foar American Airlines en United Airlines is O'Hare in wichtich knooppunt.

Namme

It fleanfjild is ferneamd nei Edward O'Hare, de earste held fan de Amerikaanske marine yn de Twadde Wrâldoarloch.

🔥 Top keywords: