Zürich (stêd)

haadstêd fan it kanton Zürich, Switserlân

Zürich (Switserdútsk: Züri, Italjaansk: Zurigo, Retoromaansk: Turitg, Latyn: Turicum) is de grutste stêd fan Switserlân en is haadstêd fan it kanton Zürich. Zürich leit oan de rivier de Limmat en de Sihl, yn in brede delling oan de mar fan Zürich (Zürichsee). It gebiet wurdt al goed twatûzen jier bewenne. Zürich is it ekonomysk sintrum fan Switserlân. Alle wichtige banken hawwe dêr in festiging, de Switserske beurs sit der en teffens is it it hannelsplak foar goud yn de wrâld.

Zürich
Boppe: Zurich by nacht fan Üetliberg sjoen, Midslofts: Nasjonaal Museum, Midsrjochts: Switsersk Federaal Ynstitút fan Technology, Under: Sicht op Zurich en de mar.
Boppe: Zurich by nacht fan Üetliberg sjoen, Midslofts: Nasjonaal Museum, Midsrjochts: Switsersk Federaal Ynstitút fan Technology, Under: Sicht op Zurich en de mar.
Polityk
LânSwitserlân
KantonZürich
DistriktZürich
Sifers
Ynwennertal365.098 (2009)
Oerflak87,88 km²
Befolkingsticht.4097,93 / km²
Hichte408 m
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
Webside fan Zürich

Zürich is ferneamd as plak foar frijtinkers. Lenin hâlde der ta yn de tiid foar de revolúsje yn Ruslân, en it dadaïsme is der ûntstien. De Ierske skriuwer James Joyce en de Dútske Nobelpriiswinner Thomas Mann kamen yn Zürich te hôf. Op kultureel mêd binne der in soad museums, benammen it Kunsthaus hat in breed erkende samling.

Gebouwen fan belang binne it Grossmünster, it Kunsthaus Zürich, de ETH, de Universiteit en it Heidi Weber Haus fan de Switserske arsjitekt Le Corbusier.

Alle jierren, op de twadde sneon yn augustus, is dêr it grutte evenemint de Street Parade.

It besjen wurdich

Berne yn Zürich

  • Hans Conrad Escher vom Luchs senior (1743-1814), politikus
  • Gottfried Keller (1819-1890), skriuwer
  • Conrad Ferdinand Meyer (1825-1898), skriuwer
  • Annemarie Schwarzenbach (1908-1942), skriuwster en fotografe
  • Max Frisch (1911-1991), skriuwer en arsjitekt
  • Mario Adorf (1930), Dútsk akteur
  • Gian-Reto Plattner (1939-2009), politikus
  • Bruno Ganz (1941), akteur
  • John Brack (1950-2006), sjonger
  • Heinz Hermann (1958), fuotballer en fuotbalcoach
  • Martin Brunner (1963), fuotbaldoelman
  • Stefan Huber (1966), fuotbaldoelman
  • Alain de Botton (1969), skriuwer en filosoof
  • Oliver Waespi (1971), komponist, dirigint en jurist
  • Franco Marvulli (1978), hurdfytser
  • Marco Cribari (1985), atleet
  • Simon Walter (1985), atleet

Partnerstêden

Sjoch ek

🔥 Top keywords: