Pûd (Russysk: пуд) is in ienheid fan massa, dy't brûkt waard yn Ruslân, Wyt-Ruslân en Oekraïne en wie lyk oan 40 foent (Russysk pûn); sa'n 16,38 kg. De pûd waard fermeld yn in dokumint fan Vsevolod Mstislavitsj fan Novgorod en Pskov út 1134. De pûd waard tagelyk mei oare mjitienheden troch de Sovjet-Uny ôfskaft yn 1924, mar de term waard noch oant ±1940 noch brûkt.