Aube (rivier)

De Aube is in rivier yn Frankryk, in rjochter sydrivier fan de Seine. De rivier is 248,9 kilometer lang. [1] De rivier jout syn namme oan it departemint Aube. De boarne leit yn it departemint Haute-Marne, op it plato fan Langres, by de stêd Auberive. De Aube streamt troch de departeminten Haute-Marne, Côte-d'Or, Aube en Marne en mûnet út yn de rivier de Seine by Marcilly-sur-Seine. Stêden lâns de rivier binne ûnder oare Bar-sur-Aube en Arcis-sur-Aube.

Aube (rivier)
geografy
lânFrankryk
Bestoerlike regioSjampanje-Ardinnen
lokaasje boarnePlato fan Langres by Auberive
lokaasje mûningby Marcilly-sur-Seine yn de Seine
sifers
lingte248,9 km
hichte boarne379 m
hichte mûning72 m
ôfwetteringsgeb.3.600 km2
De Aube yn Bar-sur-Aube
Boarne fan de Aube yn it bosk fan Auberive

Grutste sydrivieren

  • Aubette
  • Aujon
  • Landon
  • Voire
  • Ravet
  • Meldançon
  • Puits
  • Huitrelle
  • Herbissonne
  • Barbuise
  • Salon
  • Superbe

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: