Bercheinen

Bercheinen (Tadorna) is in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). It skaai bestiet út seis ferskillende soarten. Ien dêrfan is nei alle gedachten útstoarn.

bercheinen
Tadorna tadorna
Tadorna tadorna
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift:goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift:echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje:goesfûgels (Anatoidea)
famylje:einfûgels (Anatidae)
ûnderfamylje:bercheinfûgels (Tadorninae)
skaai:bercheinen (Tadorna)
Boie, 1822
Soarten
T. cana
T. cristata
T. ferruginea
T. tadorna
T. tadornoides
T. variegata

It is in groep fan gruttere wetterfûgels, dy't ek wol op lân te sjen binne. It skaai komt yn 'e Alde Wrâld en Austraalje foar. Wat de morfology oanbelanget sitte se earne tusken einen en guozzen. It wyfke is by de soarten trochstrings wat ljochter fan it kleur as it jerkje. Se ite fral wringeleaze dierkes, gers en wetterplanten.

Soarten

Jerk ♂Wyfke ♀Wittenskiplike
namme
Fryske
namme
Status
T. tadornaBercheinnet bedrige
T. ferrugineaKasarkanet bedrige
T. canaKaapske kasarkanet bedrige
T. tadornoidesAustralyske bercheinnet bedrige
T. variegataParadyskasarkanet bedrige
T. cristataToefkasarkamooglik útstoarn
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tadorna fan Wikimedia Commons.