Bohaisee

De Bohaisee (ek Golf fan Bohai of Bo Hai; Sineesk: 渤海; Kantoneesk: Poet Hooi) is in grutte mar ûndjippe baai fan de Giele See foar de kust fan noardeastlik Sina. Dit wetter leit oan 'e kust fan de Sineeske provinsjes Shandong, Liaoning, Hebei en Tianjin. De see wurdt begrinzge troch it Sineeske fêstelân yn it noarden, westen en suden, it grutte Liaodongskiereilân yn it noardeasten en it grutte Shandongskiereilân yn it súdeasten. Yn it easten stiet de Bohaisee fia de Bohaistrjitte yn ferbining mei de iepen Giele See.

Bohaisee
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetusken it fêstelân fan Sina,
   it Liaodongskiereilân en
   it Shandongskiereilân
lân Sina
ûnderdiel fanGiele See
sifers
maks. lingte470 km
maks. breedte295 km
oerflak78.000 km²
djiptegemiddelde18 m
djipste punt80 m
De Bohaisee.

De Bohaisee omfettet sels trije grutte baaien: de Liaodongbaai yn it noarden, de Bohaibaai yn it westen en de Laizhoubaai yn it suden. Oan 'e kust fan 'e Bohaibaai leit de grutte havenstêd Tianjin, it trochfierpunt foar alle hannel nei de Sineeske haadstêd Peking, dy't fierder it lân yn leit. Troch de Bohaisee rint sadwaande in wichtige skipfeartrûte.

Keppeling om utens

(in) Unep Reports - Regional Definition: Bohai Sea

🔥 Top keywords: