Boulton Paul Defiant

Baulton Paul 'Defiant'


RolUnderskeppingsfleantúch bommesmiters
nachtjager
rêdingsfleantúch
MakkerBoulton Paul Aircraft
UntwerperJohn Dudley North
Earste flecht11 augustus 1937
Yn tsjinstDesimber 1939
Ut tsjinst
Tal makke1064 [1]
grutste brûkerRoyal Air Force
Oare brûkersRoyal Australian Air Force
Royal Canadian Air Force
Poalske loftstriidkrêften yn Frankryk en Grut Brittanje
Farianten

De Boulton Paul Defiant wie in Britsk jachtfleantúch ornearre foar it ûnderskeppen fan bommesmiters. It tastel tsjinne by de Royal Air Force (RAF) yn de Twadde Wrâldkriich. De Defiant waard ûntwurpen en makke troch Boulton Paul Aircraft as in "turret fighter" (in jachtfleantúch mei in geskutskoepel), sûnder nei foaren rjochte fêst geskut.

De turret fan de Defiant

Yn de striid die bliken dat de Defiant reedlik effektyf wie yn it delheljen fan bommesmiters, mar dat er lang net opkoe tsjin de manûfrearbere Luftwaffe-jager de Messerschmitt Bf 109. It gebrek oan foarút fjurjende wapens betsjutte in grutte swakte yn loftgefjochten by deiljocht, mar it tastel kaam better ta syn rjocht yn de rol fan nachtjager.[2] Doe't de modernere bettere nachtjager Bristol Beaufighter ferskynde en letter de de Havilland Mosquito wie it dien mei de fronttsjinst fan it tastel. Fan 1942 ôf waard de Defiant allinne noch brûkt foar trening fan skutters, it tôgjen fan loftdoelen, rêdingsaksjes op see en elektroanyske tsjinmaatregels (electronic countermeasures). Fan de RAF piloaten krige er de bynamme "Daffy".

Technyske gegevens

  • Fleugelspanwiidte: 11,99 m
  • Langte: 10,77 m
  • Hichte: 3,45 m
  • Fleugeloerflak: 23,23 m²
  • Gewicht leech: 2849 kg
  • Maks. startgewicht: 3821 kg
  • Oandriuwing: ien V12-motor Rolls-Royce Merlin XX fan 1280 hk
  • Heechste faasje: 504 km/o
  • Tsjinstplafond: 9250 m
  • Fleanberik: 748 km
  • Bewapening: fjouwer 7,7-mm-Browning-masinegewearen (600 patroanen it stik)

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: