British Academy of Film and Television Arts

De British Academy of Film and Television Arts ("Britske Akademy fan Film- en Tillefyzjekeunsten") of BAFTA is in Britske ûnôfhinklike goeddiedichheidsorganisaasje dy't fêstige is yn Londen. De organisaasje, dy't al bestiet sûnt 1947, ûnderstipet, ûntwikkelet en promoatet "de keunstfoarmen fan it bewegende byld", d.w.s. film, tillefyzje en kompjûter- en fideospultsjes. Dêrta organisearret de BAFTA it hiele jier rûn lêzings, staazjes, kursussen, workshops en sa mear yn sawol Grut-Brittanje as de Feriene Steaten. It bekendst is de BAFTA lykwols wurden troch de prizen dy't de organisaasje útrikt, wêrfan't de meast ferneamde en prestizjeuze de British Academy Film Awards of BAFTA's binne. Dat binne de Britske wjergaders fan 'e Amerikaanske Oscars. De British Academy of Film and Television Arts rikt dêrnjonken lykwols ek prizen út op it mêd fan tillefyzje, tillefyzjetechnyk, bernetillefyzje, fideospultsjes en regionale films, tillefyzje en fideospultsjes.

British Academy of Film and Television Arts
algemiene ynformaasje
ôfkoartingBAFTA
nasjonaliteit Britsk
type org.stifting
wurkmêdstipe oan en promoasje foar de
keunstfoarmen fan it bewegende
byld
haadkertierLonden (Ingelân)
oprjochte1947
offisjele webside
www.bafta.org

Prizen

  • British Academy Film Awards of BAFTA's (sûnt 1947, foar Britske en ynternasjonale films)
  • British Academy Television Awards of Television BAFTA's (sûnt 1954, foar Britske tillefyzje)
  • British Academy Television Craft Awards (sûnt 2000, foar Britske tillefyzjetechnyk)
  • British Academy Video Games Awards (sûnt 2003, foar Britske fideospultsjes)
  • British Academy Children's Awards (sûnt 1969, foar Britske bernetillefyzje)
  • Brittannia Awards (sûnt 1989, útrikt troch BAFTA Los Angeles oan 'e filmyndustry fan Hollywood)
  • Scotland Awards (sûnt 1989, útrikt troch BAFTA Scotland foar Skotske films, tillefyzje en fideospultsjes)
  • Cymru Awards (sûnt 1991, útrikt troch BAFTA Wales foar Welske films, tillefyzje en fideospultsjes)

(Der bestiet ek in ôfdieling yn New York, BAFTA New York, mar dy rikt gjin prizen út.)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: