Euro

De euro is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek wol oantsjut as de "eurosône". Nei de Amerikaanske dollar is de euro de wichtichste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.

euro
Euromunten en -bankbiljetten.
Euromunten en -bankbiljetten.
identifikaasje
ISO 4217
● koadeEUR
● nûmer978
● eksponint2
lânseigen
   namme
euro (alle oare), ευρώ (Gr.),
eiro (Letsk), euras (Lit.),
ewro (Malt.), evro (Slov.)
symboal
gebrûk
sintrale bankJeropeeske Sintrale Bank
off. brûkers Jeropeeske Uny

Belgje
Dútslân
Eastenryk
Estlân
Finlân
Frankryk
Grikelân
Ierlân
Itaalje
Kroaasje
Letlân
Litouwen
Lúksemboarch
Malta
Nederlân
Portegal
Syprus
Sloveenje
Slowakije
Spanje
monetêre oerienkomst:
Akrotiri en Dhekelia
Andorra
   Fatikaanstêd
Frânsk-Sint-Marten
  Monako
San Marino
Sint-Bartelemy
Sint-Pierre en Miquelon

ûnoff. brûkers Kosovo
Montenegro
fêste
   wikselkoers
12 muntienheden, sjoch hjirre
skiednis
ynfierd1999 (digitaal)
2002 (fysyk)
ferfongferskate, sjoch hjirre
ynflaasje1,6% (2019)
denominaasjes
1/100sint
symb. 1/100c
muntjild1c¹, 2c¹, 5c, 10c, 20c, 50c,
€1, €2
¹) net mear brûkt yn Bel., Finl., It., Ierl. en Ned.
papierjild€5, €10, €20, €50, €100,
€200, €500

Meidoggers / Wikselkoersen

Yn de takomst sille ek oare lannen fan de Jeropeeske Uny tatrede ta de Eurosône.

De eurosône (2023)

De euro is in wettich betelmiddel yn 20 fan de 27 lannen fan de Jeropeeske Uny.

Dy lannen binne:

LânSûntAlde muntWikselkoers fan Euro
Belgje1999*Belgyske frankBEF 40,3399
Dútslân1999*Dútske markDEM 1,95583
Eastenryk1999*Eastenrykske skellingATS 13,7603
Estlân2011Estyske kroanEEK 15,6466
Finlân1999*Finske markFIM 5,94573
Frankryk1999*Frânske frankFRF 6,55957
Grikelân2001*Grykske drachmeGRD 340,750
Ierlân1999*Ierske pûnIEP 0,787564
Itaalje1999*Italjaanske lireITL 1936,27
Kroaasje2023Kroätyske kunaHRK 7,53450
Letlân2014Letske LatsLVL 0,702804
Litouwen2015Litouske LitasLTL 3,45280
Lúksemboarch1999*Lúksemboarchske frankLUF 40,3399
Malta2008Malteeske pûnMTL 0,429300
Nederlân1999*Nederlânske gûneNLG 2,20371
Portegal1999*Portegeeske eskûdoPTE 200,482
Syprus2008Syprioatyske pûnCYP 0,585274
Sloveenje2007Sloveenske tolarSIT 239,640
Slowakije2009Slowaakske kroanSKK 30,1260
Spanje1999*Spaanske pesetaESP 166,386
* fysike ynfiering 2002

Fierders binne der ek noch guon lannen en territoaria dy't net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de euro as betelmiddel hawwe. De folgjende lannen hawwe dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten:

en itselde jildt foar de ûnbewenne Frânske oerseeske gebieten Clipperton en de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen.
Lannen dêr't de euro as betelmiddel ynfierd is sûnder dat dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten is, binne:

Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.

De euro is ek de munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de dollar wurdt de euro dêr oant no ta net brûkt.

Fêste wikselkoers

Der binne fierders 12 muntienheden dy't in fêste wikselkoers mei de euro hawwe, d.w.s. dy't oan 'e euro fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e eurokoers binne:

Munten

De munt wurd opdield yn 100 sinten de euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út dy fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten hawwe in Jeropeeske kant dêr't in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare kant stiet in ôfbyld dy’t de lân fan útjefte ferskillet.

Euroteken

It euroteken

It euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De dûbelde line is it wenstige ûnderskie tusken in letter en in muntsymboal, mar wurdt ek beskôge as symboal fan de fêstheid fan de munt. It teken waard op 12 desimber 1996 presintearre troch de Jeropeeske Kommissy.

Sjoch ek

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: