Gemeente (Frankryk)

In gemeente is yn Frankryk de leechste bestjoerslaach. It Frânske wurd commune (gemeente) kaam foar it earst foar yn de tolfde iuw. It waard brûkt om in lytse mienskip oan te tsjutten. Yn de njoggentjinde iuw waard de commune de opfolger fan de karspel (Frânsk: paroisse) dy't oant doe de leechste bestjoerslaach wie. In Frânske gemeente kin yn grutte noch al ferskille, sa as bygelyks in grutte stêd lykas Parys of in lyts doarpke. Guon communes hawwe mar in hânfol ynwenners.

Oersjoch fan de bestjoerlike yndieling fan Frankryk
Kaart fan de 36.569 gemeenten yn Frankryk

Oantal gemeenten

Sûnt 1 jannewaris 2017 telt Frankryk 35.416 gemeenten, dêr't der 35.287 fan yn Jeropa en 129 fan yn de Frânske oerseeske departeminten en regio's fan de Oerseeske gebietsdielen fan Frankryk binne. Dat oantal is grutter as yn in soad oare Jeropeeske lannen.

It tal Frânske gemeenten waard troch it foarmjen fan nije gemeenten (communes nouvelles) yn 2016 en 2017 fermindere. Dat foarmjen fan fúzjegemeenten wurdt troch de Frânske oerheid fuortsterke. Yn 2008 telde Frankryk noch sa'n 36.681 gemeenten, dêr't der 36.569 fan yn Jeropa en 112 fan yn de Oerseeske gebietsdielen wiene

Ferrin fan it tal gemeenten[1]
  Jeropa(1)  Oerseeske gebietsdielen(2)
maart 186137.510
maart 186637.548
6 maart 192137.963
7 maart 192637.981
8 maart 193138.004
8 maart 193638.014
1 jan 194737.983
10 maaie 195438.000
7 maart 196237.962
1 maart 196837.708
1 jan 197137.659
20 feb 197536.394
1 jan 197836.382
1 maart 198236.433111
1 maart 198536.631111
1 maart 199036.551112
1 jan 199936.565114
1 jan 200036.567114
  Jeropa(1)  Oerseeske gebietsdielen(2)
1 jan 200136.564114
1 jan 200236.566114
1 jan 200336.565114
1 jan 200436.569114
1 jan 200536.571114
1 jan 200636.572114
1 jan 200736.570114
1 jan 200836.569112
1 jan 200936.570112
1 jan 201036.570112
1 jan 201136.568112
1 jan 201236.571129
1 jan 201336.552129
1 jan 201436.552129
1 jan 201536.529129
1 jan 201635.756129
1 jan 201735.287129

(1) Binnen de grinzen fan Frankryk tusken 1860 en 1871 en fan 1919 oant hjoed-de-dei
(2) Binnen it gebiet fan de oerseeske gebietsdielen oant de ûnôfhinklikens fan de Nije Hebriden yn 1980

Nijsgjirrich

It trochsneed oerflak fan in Frânske gemeente yn 2015 is 14,88 kante kilometer. De mediaan fan it oerflak is noch leger; 10,73 kante kilometer. Dat is lytser as yn de measte oare Jeropeeske lannen. Dêrtroch hat Frankryk in heech oantal gemeenten.

It trochsneed oantal ynwenners fan in gemeente yn 2015 is 1700, dêr't de mediaan lykwols 380 is. Dat ferskil wurdt ferklearre troch it grutte tal gemeenten mei minder is 500 ynwenners (57,4%). Der is lykwols grut ferskil yn ynwennertal tusken de gemeenten. Sa hat bygelyks Parys mear as 2 miljoen ynwenners en in oare gemeente mar in hantsje fol.

Nettsjinsteande it tal ynwenners, hat eltse gemeente wol in bestjoer. It bestjoer hat syn sit yn it gemeentehûs (mairie of hôtel de ville). Elts gemeentebestjoer hat deslde rjochten en foech, nettsjinsteande de grutte fan in gemeente. In útsûndering is Parys, want dy gemeente is tagelyk in departemint en is ûnderferparte yn tweintich arrondisseminten. Elts arrondiisemint kiest syn eigen arrondissemintsrie, dy't it arrondissemint bestjoert.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: