Goudhamsters

De goudhamsters (wittenskiplike namme: Mesocricetus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae). Ta dit skaai hearre fjouwer soarten út Jeropa en súdwestlik Aazje, wêrûnder de goudhamster (Mesocricetus auratus), de earste hamstersoarte dy't ta húsdier makke waard en noch altyd de populêrste domestisearre hamster. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat, oars as hast alle oare bestudearre lânsûchdieren, twa soarten fan dit skaai, de goudhamster en de Turkske hamster (Mesocricetus brandti), hielendal gjin kleuren sjen kinne.

Goudhamsters
In goudhamster.
In goudhamster.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:mûzen en rotten (Muroidea)
famylje:wrotmûseftigen (Cricetidae)
ûnderfamylje:hamsters (Cricetinae)
skaai:goudhamsters (Mesocricetus)
Nehring, 1894

Soarten

  • skaai goudhamsters (Mesocricetus)
    • goudhamster (Mesocricetus auratus)
    • Kaukasushamster (Mesocricetus raddei)
    • Roemeenske hamster (Mesocricetus newtoni)
    • Turkske hamster (Mesocricetus brandti)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.