Hongersneed

In hongersneed is in ramp yn 'e foarm fan 'e wiidfersprate krapte fan iten yn it beskate geografyske regio, mei as gefolch in groanyske tastân fan honger by de befolking. Soks liedt earst ta malnutrysje, in steat wêryn't men noch wol genôch te iten hat, mar fanwegen de iensidigens fan jins menu net mear foldwaande essinsjele fiedingsstoffen binnenkriget. Dêrnei folget ûnderfieding, wêrby't men net mear genôch te iten hat, mar noch wol wàt kriget. As úteinlik alle iten op is, kulminearret hongersneed foar de slachtoffers yn 'e dea troch ferhongering.

Slachtoffers fan 'e Grutte Yndyske Hongersneed fan 1876-1878.

Oarsaken fan hongersneed kinne klimatologysk wêze: in lange perioade fan drûchte of krekt fan oerfloedige delslach, dêr't ien of mear rispingen efterinoar troch mislearje. Oare mooglike oarsaken binne minsklik fan aard: oerbefolking, oarloch of falend oerheidsbelied. Ek in sitewaasje fan djippe earmoede kin deroan bydrage. Hongersneed hat histoarysk laat ta gefallen fan kannibalisme yn maatskippijen dêr't dat ferskynsel oars taboe is (lykas yn Midsiuwsk Jeropa).

Tsjintwurdich komt hongersneed benammen foar yn Afrika besuden de Sahara, en yn 't bysûnder yn 'e Hoarn fan Afrika. Mar histoarysk hat elts troch minsken bewenne wrâlddiel wol perioaden fan hongersneed trochmakke. Yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw stiene benammen Súd- en East-Aazje en East-Jeropa deroan bleat. Fan likernôch 2000 ôf begûn it tal minsken dat elts jier wrâldwiid troch hongersneed omkaam, skerp omleech te gean. Anno 2019 is hongersneed benammen in probleem yn Jemen, Súd-Sûdaan en Nigearia (troch oarloch) en fierders yn Somaalje (troch oarloch en drûchte), Etioopje (drûchte) en Mozambyk (oerstreamings). De ynternasjonale bestriding fan 'e gefolgen fan hongersneed wurdt fierhinne koördinearre troch it World Food Programme fan 'e Feriene Naasjes.

Foarbylden fan hongersneden binne:

In wrâldkaart mei dêrop oanjûn it persintaazje minsken dat per lân oan ûnderfieding lijt (2013).
  • Grutte Yndyske Hongersneed (1022-1033)
  • Grutte Hongersneed (1124-1125) (yn Jeropa)
  • Grutte Hongersneed (1315-1317) (yn Jeropa) (teminsten 500.000 deaden allinnich al yn it Keninkryk Ingelân)
  • Sineeske hongersneed (1333-1337) (6 miljoen deaden)
  • Grutte Hongersneed (1590-er jierren) (yn Jeropa)
  • Noarditaljaanske hongersneed (1618-1621)
  • Sardyske hongersneed (1680) (80.000 op Sardynje út in befolking fan 250.000 minsken)
  • Grutte Finske Hongersneed (1695-1697) (⅓ fan 'e befolking kaam om)
  • Yndyske hongersneed (1702-1704) (2 miljoen deaden yn 'e Dekkan)
  • Bingaalske hongersneed (1770) (10 miljoen deaden)
  • Grutte Tsjechyske Hongersneed (1770-1771) (250.000 deaden)
  • Yslânske hongersneed (1783) (gefolch fan in útbarsting fan 'e fulkaan de Laki; 10.000 deaden oftewol 20% fan 'e befolking)
  • Sineeske hongersneed (1810)
  • Sineeske hongersneed (1811)
  • Madrileenske hongersneed (1811-1812)
  • Jier sûnder Simmer (1816-1817) (hongersneed yn grutte dielen fan 'e wrâld troch mislearre rispingen, feroarsake troch oanhâldende winter om't de sinnewaarmte opkeard waard troch in tsjûke laach jiske yn 'e atmosfear ôfkomstich fan 'e útbarsting fan 'e fulkaan de Tambora, yn Nederlânsk-Ynje)
  • Grutte Ierske Hongersneed (1845-1852) ek bekend as de Grutte Jirpelhongersneed (feroarsake trochdat de grûn útput rekke fan oanhâldende beplanting mei jirpels; 1 miljoen deaden en nochris 2 miljoen lju dy't op 'e flecht foar de honger har heil as emigranten om utens sochten)
  • Sineeske hongersneed (1846)
  • Sineeske hongersneed (1849) (de Sineeske hongersneden fan 1810, 1811, 1846 en 1849 easken mei-inoar 45 miljoen deaden)
  • Finske hongersneed (1866-1868) (15% fan 'e befolking kaam om)
  • Sweedske hongersneed (1867-1869)
  • Grutte Perzyske Hongersneed (1870-1872) (1,5 miljoen deaden)
  • Grutte Yndyske Hongersneed (1876-1878) (6 oant 10 miljoen deaden)
  • Noardsineeske hongersneed (1876-1879) (9,5 oant 13 miljoen deaden)
  • Grande Seca of "Grutte Drûchte" (1877-1878) yn Brazylje (500.000 deaden)
  • hongersneed op St. Lawrence (1878-1880) (1.000 deaden)
  • Russyske hongersneed (1891-1892)
  • Yndyske hongersneed (1899-1900) (1,3 oant 10 miljoen deaden)
  • Russyske hongersneed (1921-1922) (oanboaze troch de Russyske Boargeroarloch; 5 miljoen deaden)
  • Sineeske hongersneed (1928-1930)
  • Russyske hongersneed (1932-1933) en de Holodomor yn 'e Oekraïne (feroarsake troch de kollektivisearring fan de lânbou yn 'e Sovjet-Uny; 6 oant 7 miljoen deaden)
  • Belis fan Leningrad (1941-1944) (troch de Dútsers; soarge foar skriklike hongersneed yn 'e stêd Leningrad; 1 miljoen deaden)
  • Hongerplan (1941-1944) (in plan fan 'e nazys om 'e boargerbefolking yn 'e besette dielen fan 'e Sovjet-Uny troch opsetlike ferhongering om te bringen; 4,1 miljoen deaden)
  • Sineeske hongersneed (1942-1943)
  • Bingaalske hongersneed (1943) (2,1 miljoen deaden)
  • Hongerwinter (1944-1945) (yn westlik Nederlân, feroarsake troch itenskrapte fanwegen de Twadde Wrâldoarloch, mar aktyf oanboaze troch de represaillemaatregels fan 'e Dútske besettingsmacht nei de Spoarstaking fan 1944; 30.000 deaden)
  • Fjetnameeske hongersneed (1945) (2 miljoen deaden)
  • Russyske hongersneed (1947)
  • Grutte Sineeske Hongersneed (1958-1961) (feroarsake troch Mao syn Grutte Sprong Foarút; 18 oant 42 miljoen deaden)
  • Biafraanske hongersneed (1967-1970) (feroarsake troch de Biafraanske Oarloch yn Nigearia)
  • hongersneed yn de Sahel (1968-1974)
  • Etiopyske hongersneed (1973)
  • hongersneed yn de Hoarn fan Afrika (1983-1985) (1,2 miljoen deaden)
  • Somalyske hongersneed (1991-1992)
  • Noardkoreaanske hongersneed (1996-1999)
  • hongersneed yn Darfoer (2003)
  • Nigereeske hongersneed (2005-2006)
  • hongersneed yn de Hoarn fan Afrika (2006)
  • hongersneed yn de Hoarn fan Afrika (2011)
  • Jemenityske hongersneed (2016-2019) (feroarsake troch de Twadde Jemenityske Boargeroarloch)
  • Noardkoreaanske hongersneed (2017)
  • Somalyske hongersneed (2017)
  • Súdsûdaneeske hongersneed (2017-2018)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: