Jemen

الجمهوريّة اليمنية
Al-Jumhuriyah al-Yamaniyah
Flagge fan JemenWapen fan Jemen
FlaggeWapen
Lokaasje fan Jemen
Offisjele taalArabysk
HaadstêdSana'a
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
527.970 km²
0,0­%
Ynwenners (2018)28.498.683 (rûsd)
MuntYemeni rial (YER)
TiidsôneUTC +3
Nasjonale feestdei22 maaie
LânkoadeYAR
Ynternet.ye
Tillefoan967

Jemen, sûnt 1990 de Republyk Jemen, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Sana'a en de presidint fan de republyk is sûnt 1990 Ali Abdullah Saleh. It is in oaljeprodusearend lân en ûnderdiel fan de Arabyske Liga.

Geografy

Jemen wurdt begrinzge troch:

Jemen bestiet foar in part út woestynlânskip, geberchten en bylâns de kust ek út leechlân.

Skiednis

Oant en mei it ein fan de Earste Wrâldkriich yn 1918 makke Noard-Jemen part út fan it Ottomaanske Ryk, dernei waard it noarden ûnôfhinklik, it suden wie sûnt 1839 in protektoraat gebiet (protektoraat Aden) fan de Britten. Yn 1967 gongen de Britten dêr fuort en waard it suden Súd-Jemen. Yn 1990 waarden Noard-Jemen en Súd-Jemen mei inoar feriene yn de Republyk Jemen.

Demografy

De befolking fan Jemen bestiet benammen út Arabieren en hat it heechste bertesifer (3%) fan de wrâld. De wichtichste godstsjinst is de Islam en der wenje in lyts oantal Joaden, Kristenen en Hindoeïsten. De taal dy't sprutsen wurdt is Arabysk.

Wichtige stêden yn Jemen

  • Sana
  • Sa'dah
  • As-Sjalif
  • Al-Hoedajdah
  • Ibb
  • Ta'izz
  • Mocha
  • Aden
  • Abyan
  • Al Moekalla
  • Say'oen
  • Sayhoet
  • Nisjtoen
  • Al-Ghajdah
  • Habaroet


Kaart fan Jemen
🔥 Top keywords: