2019

jier
Iuwen:16e17e18e19e20e21e iuw22e23e24e25e26e
Jierren:20142015201620172018201920202021202220232024


Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 
2019
MMXIX
Ab urbe condita2772
Armeenske kalinder1468

ԹՎ ՌՆԿԸ

Etiopyske kalinder2011 – 2012
Hebriuwske kalinder5779 – 5780
Hindoekalinders
- Vikram Samvat2074 – 2075
- Shaka Samvat1941 – 1942
- Kali Yuga5120 – 5121
Iraanske kalinder1397 – 1398
Islamityske kalinder1441 – 1441
Juliaanske kalinder
 
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder4715 – 4716

乙戌 – 丙亥

2019 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2019.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.

Foarfallen

jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
  • 1-3 - De Orkaan Dorian komt oan lân yn 'e noardlike Bahama's as in orkaan fan 'e fyfde (en swierste) kategory fan 'e skaal fan Saffir-Simpson en bliuwt dêr twa en in heale dei hingjen wylst er hiel stadich oer de eilannen tsjocht, dêrby folsleine ferwoastging efterlittend. Fan gefolgen komme 61 minsken om en reitsje mear as 400 fermist.
  • 2 - By de (Noardamerikaanske) Kanaaleilannen, foar de kust fan Kalifornje, sinkt de dûkersboat MV Conception nei't der oan board brân útbrutsen is. Der komme 34 minsken om.
  • 4 - It regear fan Hongkong lûkt yn it ramt fan 'e oanhâldende protesten de omstriden útleveringswet yn dêr't ynwenners fan Hongkong troch útlevere wurde kinne soene oan Sina.
  • 7 - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket ynienen bekend dat er de plande fredesbesprekkings mei de Afgaanske Taliban yn syn bûten yn Camp David "ôflast" hat yn ferbân mei de bomoanslaggen fan 2 en 5 septimber yn 'e Afgaanske haadstêd Kabul. Der komt in protte krityk dat Trump de Taliban, dy't mei-ferantwurdlik holden wurde foar de oanslaggen fan 9/11, überhaupt yn Camp David útnûge hie.
  • 7 - Der fynt in finzeneruil tusken Ruslân en de Oekraïne plak, wêrby't Ruslân de Oekraynske filmmakker Oleg Sentsov en in grut tal oare politike en yllegaal fêstholden lju frijlit yn ruil foar de frijlitting fan etnysk Russyske opstannelingen.
  • 14 - By drone-oanfallen op Saûdyske oalje-ynstallaasjes wurdt grutte skea tabrocht oan 'e oaljeproduksje fan 'e Saûdyske steatsoaljemaatskippij Aramco. De Hûty-rebellen yn Jemen easkje de ferantwurdlikheid op. De Feriene Steaten beskuldigje Iraan derfan dat it efter de oanfallen sit, lykwols sûnder dat se mei ek mar it minste bewiis foar dy bewearing komme.
  • 17 - Yn Israel wurde foar de twadde kear yn 2019 parlemintsferkiezings holden, nei't der nei de ferkiezings fan april gjin regear foarme wurde koe. Op 'e nij behelje it Likudblok fan Benjamin Netanyahu en de Blau en Wytpartij fan Benny Gantz frijwol likefolle sitten yn 'e Knesset.
  • 19 - By in Amerikaanske oanfal mei in drone yn 'e Afgaanske provinsje Nangarhar wurde by fersin 30 Afgaanske nuteboeren deade.
  • 21 - Yn it ramt fan 'e oanboazjende spannings tusken de Feriene Steaten en Iraan stjoert de Amerikaanske presidint Donald Trump nochris ferskate hûnderten ekstra militêren nei de Perzyske Golf ta.
  • 23 - Thomas Cook, ien fan 'e grutste en âldste reisburo's fan 'e wrâld, giet oer de kop. Dêrtroch komme wrâldwiid 600.000 toeristen fêst te sitten op harren fakânsjebestimmings.
  • 23 - Ruslân slút him oan by it Klimaatakkoart fan Parys.
  • 24 - It Heechgerjochtshôf fan it Feriene Keninkryk oardielet unanym dat it reses fan it Britske Parlemint, útroppen troch premier Boris Johnson sadat er sûnder ynminging fan 'e parlemintsleden oer de Brexit gear koe, ûngrûnwettich en dêrom neatich is. Dat betsjut dat it reses nea bestien hat en dat it parlemint daliks wer gearkomme moat.
  • 24 - It Heechgerjochtshôf fan Spanje beslút unanym dat it stoflik omskot fan diktator Francisco Franco ferwidere wurde moat út 'e Valle de los Caídos, dêr't it sûnt syn dea yn 1975 rêst hat.
  • 24 - Yn ferbân mei it Oekraïneskandaal begjint it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen in impeachmentproseduere tsjin presidint Donald Trump, dy't úteinlik ta dy syn ôfsetting liede kin.
  • 25 - Oeral op 'e wrâld wurde grutte demonstraasjes holden tsjin klimaatferoaring en de fierstente lakse oanpak dêrfan troch wrâldlieders. Der dogge wrâldwiid 4 miljoen minsken mei. Yn Montreal wurdt de grutste demonstraasje, fan 500.000 minsken, oanfierd troch de jonge Sweedske klimaataktiviste Greta Thunberg en de Kanadeeske premier Justin Trudeau.
  • 28 - Orkaan Lorenzo wurdt de meast noardeastlikste orkaan fan 'e fyfde kategory fan 'e skaal fan Saffir-Simpson út 'e skiednis fan 'e mjittings as er by de Azoaren lâns giet dat út nei Ierlân.
oktober
novimber
desimber

Berne

Ferstoarn

jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber

Literatuer

romans
novelles
ferhalebondels

Films


Muzyk

singles

Tillefyzje


Jierren:20142015201620172018201920202021202220232024
Iuwen:16e17e18e19e20e21e iuw22e23e24e25e26e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

🔥 Top keywords: