Hunter Bryce

Hunter Bryce, echte namme: Kathryn Sue Johnston (Pittsburgh, 9 oktober 1980Los Angeles, 12 april 2011), wie in Amerikaansk letterkundige, fitnesstrener, neakenmodel, fetysjmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Italjaansk-Ulstersk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte wie se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34D, dy't krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Hunter Bryce
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKathryn Sue Johnston
nasjonaliteit Amerikaansk
berne9 oktober 1980
berteplakPittsburgh (Pennsylvania)
stoarn12 april 2011
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Italjaansk
Ulstersk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, fetysjmodel,
stripper, pornoaktrise
jierren aktyf20072011
offisjele webside
www.hunterbrycexxx.com (deade link)

Libben en karriêre

Bryce waard yn 1980 berne yn Pittsburgh, yn 'e steat Pennsylvania, as ien fan 'e twa bern yn it gesin fan Howard en Karen Johnston. Se hie ien broer, Matthew, en wie fan mingd Italjaansk en Ulstersk (Noardiersk protestantsk) komôf. Bryce folge oant 1998 de middelbere skoalle oan 'e Frazier High School yn Pittsburgh. Dêrnei studearre hja Ingelske literatuer mei as byfak non-fiksjeskriuwen oan 'e Universiteit fan Pittsburgh en behelle yn 2003 dêryn in bachelorstitel.

Neitiid wurke Bryce yn 'e detailhannel, by in makelerdij, yn 'e marketingsektor, as persoanlik fitnesstrener en as stripper, foar't se yn 2007 yn Floarida yn neifolging fan har idoal Briana Banks har debút makke yn in pornografyske film. Koarte tiid letter ferfear se nei de Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. De foarnamme fan har skûlnamme Hunter Bryce naam se oan by wize fan earbetoan oan Hunter S. Thompson, ien fan har favorite skriuwers. As pornoaktrise kaam hja bekend te stean as in squirter.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Bryce yn totaal yn 74 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Pure Play Media, New Sensations, Evil Angel, Third Degree Films, Hustler Video, Devil's Film, Digital Sin, Zero Tolerance en Diabolic Video. Ek wurke se in protte foar pornosites o it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Yn 2010 waard Bryce nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry), yn 'e category milf/cougar fan it jier.

Njonken har aktearwurk posearre Bryce ek in soad as neakenmodel foar ûnderskate manljusblêden. Op woansdei 13 april 2011 waard se dea oantroffen yn har hûs yn 'e San Fernando Valley-krite fan Los Angeles. De lykskôging wiisde út dat se de deis tefoaren beswykt wie oan komplikaasjes fan alkoholisme. Hunter Bryce waard tritich jier.

Prizen en nominaasjes

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2010AVN Awardnominearrebêste milf/cougar-artyste fan it jiern.f.t.
XRCO Awardnominearreorgastysk oralisten.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: