List fan moles yn Fryslân

Wikimedia-list
(Trochferwiisd fan Mole yn Fryslân)

Der binne noch sa'n 150 moles (of mûnen) yn Fryslân. De measte falle ûnder de monumintesoarch.

Poldermole De Wersteller en gemaal De Grie.

Skiednis

Yn 1811 waard it mûnebestân ynventarisearre. Nei de tiid noch in kear of wat. It lit sjen hoe dramatysk it tal mûnen minder wurden is.

By de ynventarisaasje fan 1811 wienen der noch mear as 2.400 moles yn Fryslân, yn 1943 noch mar 300, yn 1946 250 en yn 1955 likernôch 150.

De yndustrymoles ferlearen troch meganisaasje harren funksje en binne dêrtroch meastentiids sloopt. Sa binne der gjin oaljemoles mear yn Fryslân, mar der steane al noch wol twa moaie houtseachmûnen yn Drylts en Wâldsein.

De poldermoles ferlearen harren funksje troch de bou fan in soad gemalen yn Fryslân, wêrfan de bekendsten en grutsten it yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer en it J.L. Hooglandgemaal by Starum binne.

Foar in tal plakken bepaalden de mûnen it doarpsoansjen, mar binne se yn de rin fan de tiid hielendal ferdwûn, lykas op De Gordyk wêr't eartiids wol seis mûnen stiene.

Arsjitektuer

De type mûnen dy't yn Fryslân foarkomme:

  • Muonts of Mûnts.
  • Spinnekop
  • Tsjasker. Yn tsjinstelling ta de beide oare type mûnen hat in tsjasker ornaris gjin namme, mar wurdt neamd nei it gebiet dêr't er yn stiet.

Neist dizze tradisjonele type wynmûnen komt yn Fryslân ek de wynmotor foar.

Mûnestiftings

In protte mûnen binne eigendom fan in stifting. In stikmannich stiftings yn Fryslân beheare mear as ien mûne:

Tabel mûnen

PlakNammeJierTypeFunksjeOfbyld
AchlumAchlumer Mole1851grûnsilerpoldermole
AkkrumMellemole1949spinnekoppoldermole
Aldegea (Wymbritseradiel)Dorismooltsje1800spinnekoppoldermole
BoalsertTadema's mole1824grûnsilerpoldermole
BoalsertTsjasker Kleasterleane1973tsjaskerpoldermole
BoarnsweachSweachmermole1782stellingmolepoldermole
BurdaardDe Swel1987stellingmolenôt-, pel- en seachmole
DokkumDe Hoop1849stellingmoleroggemole
DokkumSeldenrêst1862stellingmoleroggemole
DryltsDe Rôt1828stellingmoleseachmole
EanjumDe Iendracht1889stellingmolenôt- en pelmole
FrjentsjerArkens1835spinnekoppoldermole
GoaiïngahuzenDe Modderige Bolspinnekoppoldermole
GoaiïngahuzenDe Jansmolespinnekoppoldermole
GoaiïngahuzenHeechhiemspinnekoppoldermole
It HearrenfeanWelgelegen1849stellingmoleroggemole
HollumDe Ferwachting1991stellingmoleroggemole
HolwertDe Hoop1713stellingmolenôt- en pelmole
De JouwerPenninga's mole1692stellingmoleroggemole
De JouwerDe Griene Mole1800spinnekoppoldermole
KoudumDe Flytspinnekop op stellingroggemole
MakkingeaDe Weyert1868stellingmoleroggemole
MarrumGrutte Mole1845stellingmolepoldermole
MarrumKlaailânsmole1865grûnsilerpoldermole
RoptaRopta1836stellingmolenôt- en pelmole
MildaamTsjongermole1869grûnsilerpoldermole
NoardwâldeWynlust1859stellingmoleroggemole
NijemardumSwaantsje1893grûnsilerpoldermole
NijetrineDe Reidfink1855grûnsilerpoldermole
NijetrineDe Reager1871grûnsilerpoldermole
PeazensDe Hûn1861stellingmolenôtmole
RyptsjerkYpey Mûne1858grûnsilerpoldermole
SkarsterbrêgeSkarremole1888grûnsilerpoldermole
Sint JansgeaDe Hersteller1857grûnsilerpoldermole
SleatDe Kaai1755stellingmoleroggemole
SnitsHimmole1982spinnekoppoldermole
StiensDe Hoop1853stellingmoleroggemole
TsjerkwertBeabuorstermole1882grûnsilerpoldermole
VegelinsoardGrevensmole1859grûnsilerpoldermole
WânswertVictor1869grûnsilerpoldermole[[ ]]
WarkumDe Nijlannermole1784grûnsilerpoldermole
WarkumDe Snipfoàr 1832grûnsilerpoldermole
WarkumYbema's Mole1899grûnsilerpoldermole
WâldseinDe Jager1719?stellingmoleseachmole
Wâldsein't Laamfoar 1698stellingmoleroggemole
WikelSânpoel1975tsjaskerpoldermole
WolvegeaWynlust1888stellingmoleroggemole
WolvegeaDe Gooyer1775grûnsilerpoldermole

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Friese Molens, red.kommisje: H. Boschma, (1995), Ljouwert, Friese Pers Boekerij, ISBN 9033015226
  • Fries Molenboek, red.kommisje: A. Boksma, (1980), Ljouwert, De Tille, ISBN 90-70010-92-5
  • Nijhof, P. Windmolens in Nederland (1983), Swol, Waanders, ISBN 90-6630-002-7