Monosacharide
Monosachariden (inkeldsûkers) binne de ienfâldichste koalhydraten. It binne aldehyd-alkohoalen en keton-alkohoalen mei trije oant seis koalstofatomen. Sûkers mei trije koalstofatomen wurden trioazen neamd, dy mei 4,5 en 6 binne tetroazen, pentoazen en heksoazen.
De fjouwer ferneamdste monosachariden:
Aldoaze of Ketoaze
De monomeare basissûkers hawwe ien keatling fan 3,4,5,6 of 7 koalstofatomen dy't op ien nei allegear in hydroksylkloft drage. It oerbleaune koalstofatoom foarmet in karbonylkloft. As de karbonylkloft oan it earste koalstofatoom yn de keatling sit, is it in aldoaze (neamd nei aldehyde), as ien fan de oare koalstofatomen de karbonylkloft draacht is it in ketoaze (neamd nei keton).
Alfabetyske list fan monosachariden
- Alloaze
- Altroaze
- Arabinoaze
- Dihydroksyaseton
- Erytroaze
- Erytruloaze
- Fruktoaze
- Galaktoaze
- Glukoaze
- Glyseraldehyde
- Guloaze
- Ksiluloaze
- Ksyloaze
- Lyksoaze
- Mannoaze
- Psikoaze
- Riboaze
- Ribuloaze
- Sorboaze
- Tagatoaze
- Taloaze
- Treoaze
- Ydoaze
Tabel fan monosachariden
Sorteare op tal koalstofatomen en gemyske eigenskippen:
aldoaze | ketoaze | |
trioaze | glyseraldehyde | dihydroksyaseton |
tetroaze | erytroaze treoaze | erytruloaze |
pentoaze | arabinoaze lyksoaze ksyloaze riboaze | ksiluloaze ribuloaze |
heksoaze | alloaze altroaze galaktoaze glukoaze guloaze mannoaze taloaze ydoaze | fruktoaze psikoaze sorboaze tagatoaze |
Dit artikel is in stobbe oer skiekunde. Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - inkeldsûker
🔥 Top keywords: