Parc des Princes

It Parc des Princes is in fuotbalstadion yn Parys, wêryn't Paris Saint-Germain sûnt 1974 spilet. It hjoeddeistige stadion waard yn 1972 boud, nei in ûntwerp fan de arsjitekt Roger Taillibert. De kapasiteit wie sa'n 42.000 taskôgers. Omdat Frankryk it EK 2016 organisearre waard de kapasiteit fan it stadion útwreide nei 51.000 taskôgers.

Parc des Princes
  stadion
lokaasje
lân Frankryk
Arrondissement16e arrondissement
plak Parys
algemiene ynformaasje
typefuotbalstadion
sportenfuotbal
Rugby
baanhurdfytsen (oant 1970)
kapasiteit47.428
type oerflakgers
bou
boubegjin1897 1e stadion
1972 2e stadion
iepening18 july 1897
renovearre1932
2012-2016
sloopt1970 1e stadion
eveneminten
Omgong fan Frankryk (fan 1905 o/m 1967)
Wrâldkampioenskip fuotbal (1938 & 1998)
Europeesk kampioenskip fuotbal (1960, 1984 & 2016)
Wrâldkampioenskip Rugby (1991 & 2007)
kaart
Parc des Princes (Parys)
Parc des Princes
lokaasje it Parc des Princes
It âlde Parc des Princes yn 1932

Foar it hjoeddeistige stadion stie der op itselde plak in stadion mei in hurdfytsbaan om de gersmatte hinne. Dizze baan wie 54 jier lang de einstreek fan de Omgong fan Frankryk. Yn 1932 waard it stadion yngreven útwreide. It âlde stadion waard yn 1970 ôfbrútsen, de hurdfytsbaan kearde net werom yn it nije stadion dat yn 1972 iepene waard.

🔥 Top keywords: