Perm (stêd)

Perm (Russysk: Пермь) is in stêd yn it easten fan Jeropeesk Ruslân, oan wjerskanten fan de rivier de Kama, justjes bewesten de Oeral, en sa'n 1150 kilometer noardeastlik fan Moskou.Perm is in wichtige yndustrystêd en binnenhaven en leit ek oan de Transsibearysk Spoarline. It is de haadstêd fan de kraj Perm.

Perm (stêd)
FlaggeWapen
Polityk
Lân Ruslân
KrajPerm
federaal distriktWolga
Sifers
Ynwennertal1.042.763 (2022)
Oerflak799,68 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens1303,98 ynw./km²
Hichte171 m
Oar
Stifting1723
TiidsôneUTC+5
Koördinaten58° 00' N 56° 14' E
Websidewww.gorodperm.ru

Fan 1940 oant 1957 hjitte de stêd Molotov, nei de Sovjet-Russyske premier en minister fan Bûtenlânske Saken Vjatsjeslav Molotov.

Perm is sûnt 2012 wer de meast eastlike miljoenestêd fan Jeropa.

Stedsdielen (Rajony)

De bestjoerlike distrikten fan Perm
RajonRussyske nammeNammejouwerInwenners
1 jannewaris 2004
Inwenners
1 jannewaris 2009
DzerzjinskiДзержинский районFeliks Dzerzjinski152.500149.559
IndûstrialnyИндустриальный районYndustrialisaasje fan de Sowjetuny159.700160.403
KirovskiКировский районSergej Kirov123.105125.338
LeninskiЛенинский районVladimir Lenin56.40050.670
MotovilitsjinskiМотовилихинский районRivier Motovilitsja, sydrivier fan de Kama176.000179.117
OrdzjonikidsevskiОрджоникидзевский районGrigori Ordzjonikidze111.300112.274
SverdlovskiСвердловский районJakov Sverdlov212.600210.666

Ekonomy

De yndustry is fierwei de grutste ekonomyske sektor fan de stêd en is goed foar likernôch de helte fan de totale produksje fan de kraj. De wichtichste takken fan de yndustry binne masinebou, metaalbewurking, gemy, ierdoalje en gas, houtbewurking en fiedselproduksje. De masinebou nimt 43,7% fan de brutoproduksje fan de stêd foar syn rekkeng; branjeproduksje soarget foar 13,7% en 12,8% wurdt troch de gemyske yndustry levere.

Yn Perm wurde ûnder oaren strielmotors, tillefoans, motorseagen, muzykynstruminten, boumaterialen en yndustriële apparatuer makke. In grut part fan de yndustry produsearret foar definsje.

De omset fan de detailhannel wie yn 2004 omrekkene goed 2200 miljoen euro, 13% mear as it jier dêrfoar.

Underwiis en wittenskip

Perm is it wittenskiplik sintrum fan de regio dêr't in grut tal ûndersyksynstituten fan de Russyske Akademy fan Wittenskippen (ôfdieling Oeral) húsmanje. De stêd hat sân ynstellings foar heger ûnderwiis, dêr't de Steatsuniversiteit Perm, oprjochte yn 1916, de wichtichste is. De grutste universiteit fan Perm is lykwols de Technyske Universiteit, dy't sa'n 11.000 studinten hat. Teffens hat de stêd in farmaseutyske akademy, in medyske akademy en in lânbouhegeskoalle.

Kultuer

Opera- en balletteäter

De stêd hat ferskate teäters, dêr't in ferneamd poppeteäter, een dramateäter, in filharmony en in opera- en balletteäter by binne. De dûnsskoalle is oan it Permske balletselskip ferbûn en lûkt dûnsers út hiel Ruslân. Fierder hat de stêd in sirkus mei ûngefear 2000 plakken, in planetarium en in bistetún.

It ferneamdste museum fan Perm is de Nasjonale Galery, oprjochte yn 1922 en yn in 14e iuwske eardere tsjerke ûnderbrocht. De samling bestiet út weardefolle houtskulpturen, ien fan de grutste samlingen ikoanen fan Ruslân (de Stroganov-kolleksje) en Russyske en West-Jeropeeske skilderkeunst. It hiemkundich museum hat 360.000 objekten út de skiednis fan Perm, fral oarkonden út de 16e en 17e iuw.

Berne yn Perm

  • Sergej Diagilev (1872-1929), keunstkritikus, ympresario, oprjochter fan de Ballets Russes
  • Nikolaj Moisejev (1902-1955), astronoom
  • Natasja Poly (1985), model
🔥 Top keywords: