Piëmont

Piëmont (Italjaansk: Piemonte, Piëmonteesk: Piemont) is in regio yn Itaalje, oprjochte yn 1859. De haadstêd is Turyn. De namme Piemonte betsjut yn it Italjaansk letterlik 'oan de foet fan de bergen'. Piëmont grinzet oan Switserlân en Frankryk en oan de Italjaanske regio's Liguerje, Emilia-Romagna en Lombardije.

Piëmont
FlaggeWapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
HaadstêdTuryn
Oerflakte25.400
Befolking4.289.000
Befolkingstichtens166
Oare ynformaasje
Heechste puntDufourspitze 4643
Oantal gemeenten1206
ProvinsjesAlessandria, Asty, Biella, Kuneo, Novara, Turyn, Ferbano-Kusio-Ossola, Ferselly

De wichtichste taal dy't brûkt wurdt is it Italjaansk, mar der wurdt ek Frânsk en wat Ositaansk sprutsen.

Lânskip

It lânskip is yn trije parten op te dielen:

  • it Alpengebiet mei as heechste berch de Gran Paradiso (4061 meter),
  • de Po-flakte mei de grutte stêden,
  • heuveleftich gebiet.


Skiednis yn it koart

Piemonte makke mear as tûzen jier part út fan it Romeinske ryk. Op de ein fan de Romeinske tiid, waard it tidens de Grutte Folkeferfarren ferskate kearen plondere troch omreizgjende folken. It kaam yn besit fan de Ostrogoaten en letter de Longobarden. Under Karel de Grutte makke it diel út fan it Frankyske ryk.

Yn de rin fan midsiuwen hienen de markizen fan Piëmont it der foar it sizzen. It Hûs fan Savoye makke Piëmont ûnderhearrich en Frankryk en de Habsburgers hawwe in soad om it gebiet fochten.

Yn 1718 waard Piëmont feriene mei Sardynje en de Habsburchske keizer skonk harren de keningstitel (Keninkryk Sardynje). Nei de besetting troch Napoleon yn 1798 kamen de Eastenrikers oan de macht. Sy makken it gebiet ta in marjonettensteat mei Klemens fan Metternich oan it haad. Sûnt 1847 kaam de befolking hieltyd faker yn opstân tsjin de Eastenrikers en yn 1859 waarden sy troch de Piemontezen en de Frânsken ferneatigjend ferslein yn de slach by Solferino.

Yn 1861 waard Victor Emanuel II ta kening fan it feriene Itaalje kroand. Sûnt dy tiid is Piemonte Italjaansk gebiet


Piëmonteeske rysfjilden tusken Novara en Ferselly

Provinsjes en wichtige stêden

ProvinsjeOfkoartingHaadstêdWichtichste plakken
AlessandriaALAlessandriaKasale Monferrato, Tortona
AstyATAstyNizza Monferrato, Canelly
BiellaBIBiellaCossato
KuneoCNKuneoSaluzzo, Alba, Bra
NovaraNONovaraBorgomanero, Arona
TurynTOTurynRivoly, Monsaliery, Ivrea
Ferbano Kusio OssolaVBFerbaniaDomodossola, Omegna
FersellyVCFersellySanthia
 
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
🔥 Top keywords: