Apûlje

Apûlje (Italjaansk: Puglia) is in regio yn Súdeast-Itaalje, oprjochte yn 1861. Apûlje omfettet de hakke fan de Lears fan Itaalje en it gebiet dat by de kust lâns noardwestlik dêrfan. It leit oan 'e Adriatyske See, de Strjitte fan Otranto en de Ioanyske See (ûnder oare Golf fan Tarente). Apûlje is de eastlikste regio fan Itaalje. De haadstêd is Bary.

Apûlje
FlaggeWapen
Nog geen vlag
(Details)
Nog geen wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
HaadstêdBary
Oerflakte19.000
Befolking4.000.000
Befolkingstichtens210
Oare ynformaasje
Heechste puntMonte Calvo: 1050
Oantal gemeenten258
ProvinsjesBary, Barletta-Andria-Trani, Brindisy, Foggia, Lesse, Tarente

Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan Salento wurdt in protte wyn ferboud wêrûnder de ferneamde Negroamaro en Primitivo. Yn Apûlje wurdt fan Itaalje ek de measte oliven produsearre.

Nijsgjirrichheden

It toeristyske sintrum fan de regio leit yn it uterste noarden op it skiereilân Gargano. Hjir lizze de ferneamde badplakken Fieste, Peskisy en Mattinata. De moaiste keunststêd fan de regio is Lese, dat beskôge wurdt as ien fan de wichtichste barokstêden fan de wrâld. Te súdwesten fan Bary leit Alberobello mei syn bysûndere trully. Dizze wite rûne huzen mei harren kegelfoarmige dakken hawwe dit plak in soad bekendheid jûn.

It binnenlân op de grins mei de regio Basilikata, de Murge is woest, keal en tige tin befolke. De kuststripe tusken Barletta en Brindisy is it tichtst befolke diel fan Apûlje en tige yndustrialisearre.

Provinsjes en wichtichste stêden

ProvinsjeOfkoartingHaadstêdWichtichste plakken
BaryBABaryMolfetta, Monopoly, Altamura
Barletta-Andria-TranyBTBarletta, Andria, TranyKanosa di Puglia, Biskegly
BrindisyBRBrindisyOstuny, Fasano
FoggiaFGFoggiaManfredonia, Serignola, Lusera
LesseLELesseGallipoly, Nardò
TarenteTATarenteMartina Franka, Grottagly

Foto's

De Murge
Castel del Monte
Gargano

Keppeling om utens

 
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
🔥 Top keywords: