Kalaabrje

Kalaabrje (Italjaansk: Calabria) is in regio yn it suden fan Itaalje, súdlik fan Napels, dy't oprjochte waard yn 1861. De regio foarmet feitlik de súdwestlike punt oan de foarkant fan de Lears fan Itaalje. Yn it noarden wurdt er begrinze troch de regio Basilikata, yn it westen troch de Tyrreenske See en yn it easten troch de Ionyske See. Kalaabrje leit tsjinoer it eilân Sisylje, dêr't it fan skieden is troch de Strjitte fan Messina. It oerflak fan de regio beslacht sa'n 15.080 km² en der wenje om-ende-by 2,05 miljoen minsken.

Kalaabrje
FlaggeWapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
HaadstêdKatanzaro
Oerflakte15.082
Befolking2.009.506
Befolkingstichtens132
Oare ynformaasje
Heechste puntSerra Dolcedorme: 2267
Oantal gemeenten409
ProvinsjesKatanzaro, Kosenza, Krotone, Reggio Kalabria, Fibo Falentia

De regionale haadstêd is Katanzaro. De regio is opdield yn fiif provinsjes, dêr't de haadstêden deselde namme fan hawwe.

Skiednis

Kalaabrje wie eartiids in wichtich sintrum fan de Grykske beskaving, noch foar de opkomst fan it Romeinske Ryk. Dêr libbe ek de ferneamde wiskundige Pytagoras. Yn it Nasjonaal Museum fan Reggio di Kalabria steane de bekende Grykske bylden, de Bronzi di Riace.

De regio makke jierren diel út fan it Romeinske ryk en hearde dêrnei by it Byzantynske ryk. Letter kaam er ûnder de macht fan Noarmannen, dy't it keninkryk Napels stiften dat lange tiid oer Kalaabrje hearskje soe oant en mei de ienwurding fan Itaalje. Ferskate dynastyen hawwe oer it keninkryk hearske. Al dy tiid bleau Kalaabrje in earm en eftersteld gebiet. De Aspromonte, in bercheftige krite yn sintraal Kalaabrje, wie ek it toaniel fan de ferneamde slach fan de Risorgimento (ienwurding fan Itaalje) dêr't Garibaldi ferwûne rekke.

Oer

Ek de organisearre misdied wie tsientallen jierren tige sterk oanwêzich, lykwols nimt er tsjintwurdich yn betsjutting ôf.

It seewetter by Kalaabrje is tige helder, en simmers komme der in soad toeristen.

Provinsjes en wichtige stêden

ProvinsjeOfkoartingHaadstêdWichtige plakken
KatanzaroCZKatanzaroLamezia Terme
KosenzaCSKosenzaRossano, Korigliano Kolabro
KrotoneKRKrotoneIsola di Kapo Rizzuto
Reggio di KalabriaRCReggio di KalabriaPalmi, Gioia Tauro
Fibo FalentiaVVFibo FalentiaTropea
 
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
🔥 Top keywords: