Sivile technyk

Sivile technyk is de tapaste wittenskip dy't dwaande is mei it ûntwerpen, realisearjen en ûnderhâlden fan objekten dy't yn de grûn fêstsitte.

It Falkirk-tsjil yn Skotlân

Foarbylde fan sokke objekten binne liedingen, kabels, brêgen, wegen en gebouwen, mar ek de stúdzje nei rivieren en kanalen falt ûnder sivile technyk. Sivile technyk rjochtet him op it benutsjen fan ús omwrâld.

Sivile technyk is ûntstien as tsjinhinger fan militêre technyk, sa't dy troch de sjeny bedreaun waard en noch wurdt. It ûntwerp en de oalis fan wegen, brêgen en kanalen wie begjin 19e iuw noch in feratwurdlikheid fan de sjeny.

Underferdieling fan it mêd

Sivile technyk wurdt in it generaal ûnderferdield yn:

Taipei 101 stiel wolkekliuwer, Taiwan
  • baggeltechnyk
  • beton- , stiel- en komposytkonstruksjes (bouwurken lykas brêgen en gebouwen)
  • geotechnyk (bouwen yn en op de grûn)
  • sûnenstechnyk (drinkwettersúvering, riolearring, ôffalwetterbehanneling)
  • miljeukunde (grûnfersmoarging, grûnsanearringstechniken)
  • offshore technology (fêste konstruksjes, driuwende konstruksjes, baggeltechnology, djipseetechnology)
  • ferkearsboukunde (diminsjonearring fan ferhurdingen, spoarweikonstruksjes, en soks)
  • ferkearskunde (planning en ûntwerp fan wegen, ferkearsôfhanneling, ferkearsynfrastruktuer)
  • seismyske technyk
  • wetterbehear (polders, yrrigaasje)
  • wegeboukunde (oanlis fan wegen en spoarwegen)
  • wetterboukunde (rivieren, kusten, kanalen, diken, sluzen, keardamen, havens).
  • hydrology

Opliedingen

Nederlân

Yn Nederlân wurdt de oplieding ta sivyl yngenieur ( ir.) fersoarge troch de Technyske Universiteit Delft en de Universiteit Twinte. Dêrneist binne der in tal hegeskoallen dy't de oplieding sivile technyk jouwe, dêrûnder binne de Hegeskoalle Windesheim yn Swol, Hegeskoalle fan Arnhim en Nymwegen, Hegeskoalle Rotterdam, Avans Hegeskoalle, Hegeskoalle Inholland, Hegeskoalle Seelân, de Hanzehegeskoalle Grins, de Hegeskoalle Utert, Saxion Hegeskoallen, de Haachske Hegeskoalle en de Hegeskoalle fan Amsterdam. Dejinge dy't ôfstudearret oan dy hegeskoallen krijt ek de titel yngenieur, mar dy wurdt dan ôfkoarte ta ing.

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: