Suffolk

Suffolk is in greefskip yn de Ingelske regio East-Ingelân, dat nei alle gedachten oprjochte is yn 'e 10e iuw. It hie yn 2001 668.553 ynwenners en it oerflak berint 3801,1 km2. De haadstêd is Ipswich; oare plakken fan belang binne Lowestoft, Bury St Edmunds en Felixstowe, ien fan de grutste kontenerhavens yn Europa.

Suffolk
Lizzing Suffolk yn Ingelân
Lizzing Suffolk yn Ingelân
Polityk
LânFeriene Keninkryk
RegioEast Ingelân
StatusCeremonial & Non-metropolitan county
Sifers
Ynwennertal719.500 (2007)
Oerflak3.798 km²
Befolkingsticht.189 / km²
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
Webside oerheid Suffolk

It lânskip is frijwat flak mei mar in pear hichten, meast lânbougrûn.

Demografy

Fan de befolking is 18,3 % âlder as 65 jier. De wukleazens is 2,7 % fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001).

It ynwennertal gie omheech fan sa'n 649.100 yn 1991 nei 668.553 yn 2001 en 719,500 yn 2007.

Suffolk hat in eigen dialekt fan it Ingelsk, it Suffolkdialekt.

Distrikten

DistriktenDetailkaart
  1. Ipswich
  2. Suffolk Coastal
  3. Waveney
  4. Mid Suffolk
  5. Babergh
  6. St. Edmundsbury
  7. Forest Heath

Ferneamde lju út Suffolk

  • Thomas Wolsey (1471-1530), kardinaal en steatsman
  • Thomas Gainsborough (1727-1788), keunstskilder.
  • Edward FitzGerald (1809-1883), skriuwer en oersetter.
  • Dani Filth (1973-), sjonger fan de band Cradle of Filth

Keppelings om utens

🔥 Top keywords: