Swansea City AFC

Swansea City AFC (Welsk: Clwb Pêl-droed Dinas Abertawe) is in profesjonele fuotbalklup út Swansea, Wales en komt út yn de Ingelske Premier League.

Swansea City AFC
It Liberty Stadium
It Liberty Stadium
Oprjochte1912
PlakSwansea
StadionLiberty Stadium
Kapasiteit20.532
FoarsitterJulian Winter
TrenerRussell Martin
KompetysjePremier League
TeamkleurenTeamkleurenTeamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
TeamkleurenTeamkleurenTeamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

Football League Trophy

Swansea City is mei aartsrivaal Cardiff City de ienige klup út Wales dy't ea yn de heechste Ingelske difyzje útkaam. Yn 1912 waard it doetiidske Swansea Town oprjochte, en begûn it yn de Southern League. De earste kompetysje-wedstriid spile it op 7 septimber 1912, tsjin Cardiff City. It waard 1-1. Fan 1912 oant 2005 spile Swansea yn The Vetch Field. De klup groeide nei ferrin fan tiid út it stadion. Boppedat rekke it mear en mear yn ferfal en waard ferfanging hyltyd needsaakliker. Op 23 july 2005 spile it tsjin Fulham FC de iepeningswedstriid fan it nije Liberty Stadium (it waard 1-1). De namme fan it nije stadion komt fan de sponsor Liberty Properties. De fans neamden it leaver it White Rock Stadium, sa't de oarspronklike namme liedt.

Lyk as yn 1993/94 wûn Swansea tiidens it seizoen 2005/06 de Football League Trophy troch mei 2-1 te winnen fan Carlisle United. De wedstriid waard foar 42.000 taskôgers spile yn it Millennium Stadium yn Cardiff. The Swans einige dat seizoen boppedat op it sechsde plak yn de kompetysje. Dat plak joech harren it rjocht om yn de play-offs promoasje nei de Championship ôf te twingjen. Yn de finale spile it tsjin Barnsley. Nei njoggentich minuten stie it 2-2 en it ferlear op penalty's mei 3-4.

🔥 Top keywords: