Tjûmen (oblast)

De oblast Tjûmen (Russysk: Тюменская область, Tjûmenskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid fan Ruslân. De oblast falt ûnder it Federale Distrikt Oeral. Haadstêd is Tjûmen.

Tjûmen oblast

Тюменская область

flaggewapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktOeral
ekonomyske regioWest-Sibearje
haadplakTjûmen
grutste plakTjûmen
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (73,32%), Tataren (7,48%),
Oekraïners (4,90%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal1.537.416 (2022) (ekskl. autonome distr.)
3.806.505 (2022) (inkl. autonome distr.)
oerflak160.122 km² (ekskl. autonome distr.)
1.464.173 km² (inkl. autonome distr.)
befolkingstichtens9,6 ynw./km² (ekskl. autonome distr.)
2,6 ynw./km² (inkl. autonome distr.)
oar
stifting14 augustus 1944
tiidsôneUTC+5 (MSK+2))
koördinaten57° 50' N 69° 00' E
websideadmtyumen.ru

Geografy

De Irtysj yn 'e oblast Tjûmen

De oblast is de iennige oblast fan it lân dat mei syn grins fan de súdlike lânsgrins mei Kazachstan oant de Noardlike Iissee de hiele breedte fan it lân oerspant. It is lykwols net it langste gebiet fan it lân: de kraj Krasnojarsk en de autonome republyk Sacha yn it easten oerspanne fan noard nei súd in gruttere ôfstân, mar ha gjin lânsgrins mei it bûtenlân.

Yn de oblast lizze de twa autonome distrikten Chanto-Mansje en Jamalo-Nenetsje.

Grutte rivieren binne de Irtysj en de Ob.

Sûnder de autonome distrikten hat de oblast in oerflak fan 161.800 km², mei de autonome distrikten is it mei in oerflak fan 1.435.200 km² ite op twa nei grutste bestjoerlike dielgebiet fan it lân .

Skiednis

Kremlyn fan Tobolsk

De russyske kolonisaasje fan it gebiet sette tsjin it ein fan 'e 16e iuw útien. De stêd Tobolsk wie foar in skoft sels de haadstêd Sibearje. De oblast Tjûmen waard op 14 augustus 1944 út dielen fan de oblasten Omsk en Koergan stifte.

Ekonomy

Belangrike sektoaren binne de petrogemyske yndustry, de houtferwurking en de masjinebou. Fanwegen it foarkommen fan in soad ierdgas en ierdoalje falt it gebiet ûnder de rykste dielen fan Ruslân. Ynklusyf de autonome gebieten hat de oblast sels it heechste regionale BYP de ynwenner fan alle gebieten fan Ruslân.

Opdield nei de ferskillede dielen docht de oblast Tjûmen it hiel goed, mar wurdt troch de twa autonome distrikten oertroffen, fral troch Chanto-Mansje.

Bestjoerlike yndieling en stêden

Regearingsgebou oblast Tjûmen

De oblast Tjumen is yn 22 rajons ûnderferdield en fiif stedsdistrikten. De fiif stêden foarmje de stedsdistrikten. Grutste stêden binne Tjûmen, Tobolsk en Isjim.

Grutte stêden
StêdNammeWapenYnwennersLokaasje
IsjimИшим64.010 56° 07' N 69° 30' E
JalûtorovskЯлуторовск39.947 56° 39' N 66° 18' E
SavodoukovskЗаводоуковск26.477 56° 30' N 66° 33' E
TjûmenТюмень828.600 56° 07' N 65° 32' E
TobolskТобольск98.772 58° 11' N 68° 15' E

Befolkingsferrin

Jier19261939195919701979198920022022
Ynwenners943.000991.0001.092.1261.406.1011.885.1843.097.6573.264.8413.806.505

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Tjumen


 
Dielgebieten fan Ruslân

RepublykAdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
KrajAltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
🔥 Top keywords: