Sverdlovsk (oblast)

De oblast Sverdlovsk (Russysk: Свердловская область; Sverdlovskaja oblast) is in oblast yn 'e Russyske Federaasje. Oars as de haadstêd Jekaterineburch hold de oblast de namme út de tiid fan de Sovjet-Uny. It is de oblast mei it heechste ynwennertal fan it Aziatyske diel fan Ruslân.

Sverdlovsk oblast

Свердловская область

flaggewapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktOeral
ekonomyske regioOeral
haadplakJekaterineburch
grutste plakJekaterineburch
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (90,6 %), Tataren (3,5 %)
Oekraïners (0,9%), Basjkieren (0,8%)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal4.264.340 (2022)
oerflak194.226 km²
befolkingstichtens21,96 ynw. / km²
oar
stifting1934
tiidsôneUTC +5
koördinaten58° 42' N 61° 20' E
websidewww.midural.ru

Geografy

Konzjakovski Kamen

De oblast grinzget oan de oblasten Koergan, Tsjeljabinsk en Tjûmen, de kraj Perm, de autonome republiken Komy en Basjkortostan en oan it autonome distrikt Chanto-Mansje.

De oblast leit foar in grut part oan de eastlike hellings fan de Oeral en giet op it West-Sybearyske leechlân oer. De heechste bergen binne de Konzjakovski Kamen (1569 meter) en Denezjkin Kamen (1492 meter). It midden fan de oeral is mei hichten fan 300 oant 500 meter mear heuveleftich sûnder berchtoppen.

Wichtige rivieren binde de Tavda en de Toera, dy't alletwa útmûnje op de Ob, en de Tsjûsovaja en de Ufa, dy't útmûnje op de Kama.

It klimaat is in lânklimaat mei kâlde winters en koarte, waarme simmers. De trochsneed temperatuer ferskilt winterdeis fan -15 °C oant -20 °C mei ekstremen oan -35 °C; yn it ferline waarden ek temperatueren leger as -45 °C metten. Simmerdeis is de trochsneedtemperatuer oant 19 °C, útsjitters nei boppe de 30 °C binne net seldsum.

Skiednis

It gebiet waard tsjin it ein fan de 16e iuw troch Ruslân kolonisearre. Yn 1598 waard Verchoturje as ien fan de earste stêden oan de oare kant fan de Oeral stifte. De stifting fan de haadstêd Jekaterineburch folge yn 1723. Sûnt 1708 hearde it gebiet by it nije gûvernemint Sibearje. Tusken 1781 en 1919 foel it gebiet fan de hjoeddeiske oblast yn it gûvernemint Perm. Op 15 july ûntstie it gûvernemint Jekaterineburch út de eastlik fan de Oeral lizzende dielen fan it gûvernemint Perm. Tusken 1923 en 1934 lei de oblast yn it yn 1923 stifte oblast Oeral. Yn 1934 waard de oblast Sverdlovsk stifte en dy bestiet sûnt sûnder fierdere grinsferoarings noch jimmeroan.

Ekonomy

De oblast is ryk oan boaiemskatten lykas goud, platina en in soad oare metalen. Mynbou, masjinebou en metaalferwurking binne de belangrykste ekonomyske sektoaren.

Bestjoersyndieling en stêden

Jekaterineburch
Nizjni Tagil
Brêge yn Kamensk
Serov

De oblast is yn 68 stedsdistrikten en fiif rajons ûnderferdield. Njonken de haadstêd Jekaterineburch binne der noch trije oare grutte stêden mei mear as 100.000 ynwenners (2022): Nizjni Tagil, Kamensk-Uralski en Pervo-oeralsk. Meiïnoar binne der yn de oblast 47 stêden en 27 plakken mei in stedsk karakter.

Grutte stêden
StêdNammeWapenYnwennersLokaasje
JekaterineburchЕкатеринбург1.493.600 (2022) 56° 50' N 60° 35' E
Nizjni TagilНижний Тагил344.656 (2021) 57° 55' N 59° 58' E
Kamensk-OeralskiКаменск-Уральский163.990 (2021) 56° 24' N 61° 56' E
Pervo-oeralskПервоуральск119.365 (2021) 56° 55' N 59° 57' E
SerovСеров95.141 (2021) 59° 35' N 60° 34' E
Novo-oeralskНовоуральск79.638 (2022) 57° 15' N 60° 05' E
AsbestАсбест62.285 (2021) 57° 00' N 61° 27' E
PolevskoiПолевской60.012 (2021) 56° 27' N 60° 11' E
RevdaРевда60.761 (2022) 56° 48' N 59° 55' E
Verchnjaja PysjmaВерхняя Пышма74.262 (2022) 56° 58' N 60° 35' E
KrasnotûrjinskКраснотурьинск55.910 (2021) 59° 46' N 60° 12' E
BerjosovskiБерёзовский60.334 (2021) 56° 54' N 60° 48' E.
LesnoiЛесной49.259 (2021) 58° 38' N 47° 00' E

Befolkingsferrin

Jier19261939195919701979198920022022
Ynwenners1.716.0002.511.3094.044.4164.319.744.454.5084.706.7634.486.2144.264.340


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Swerdlowsk


 
Dielgebieten fan Ruslân

RepublykAdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
KrajAltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
🔥 Top keywords: