Leningrad (oblast)

De oblast Leningrad (Russysk: Ленинградская область; transliterearre Leningradskaja oblast) is in oblast yn it noardwestlike diel fan de Russyske Federaasje. It gebiet omfiemet Sint-Petersburch, dat fan 1924 oant 1991 Leningrad hiet. De stêd heart sels net ta de oblast, mar is in selsstannich dielgebiet fan de federaasje. Eartiids stiene ek de bestjoersgebouwen yn Sint-Petersburch, mar sûnt 2021 is Gattsjina it bestjoerssintrum fan de oblast.

Leningrad oblast

Ленинградская область

flaggewapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktNoardwest
ekonomyske regioNoardwest
haadplakGattsjina
grutste plakGattsjina
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (89,6 %)
Oekraïners (2,5 %)
Wytrussen (1,6 %)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal1.911.586 (2022)
oerflak83 908 km²
befolkingstichtens22,78 ynw. / km²
oar
stifting1 augustus 1927
tiidsôneUTC +3
koördinaten60° 03' N 31° 45' E
websidewww.lenobl.ru

Oars as de stêd hat de oblast de namme út de Sovjet-tiid oanholden.

Geografy

De oblast grinzget yn it wêst oan Finlân en Estlân en fierder ynlânsk oan de republyk Kareelje, Volgorod Novgorord en Pskov. Fan it wêst nei it easten ta is de oblast 450 km, wylst de maksimale ôfstân fan it noarden nei it suden 320 km is. Belangrike rivieren binne de Neva en de Volchov. De oblast telt sa'n 1.800 marren, wêrfan't de Ladogamar en de Onegamar de grutste resp. de op ien nei grutse mar fan Europa binne.

Skiednis

It gebiet oan de Finske Golf wie as Ingermanlân bekend en waard ynearsten troch Finsk-|Ugryske folken bewenne. De Wepsen, Woten en Ingriërs binne noch lytse minderheden yn it gebiet fan Finsk-Ugryske komôf. Yn de 8e iuw kamen de Slaven nei it gebiet, ynearsten bewennen hja de kanten fan de rivieren en oan de Eastsee en Ladogamar, mar fan dêr út kolonisearren de Slaven op freedsume wize it binnenlân.

De komst fan de Rjoeriken (Viktor Vasnetsov)

Yn dy tiid ûntstie Staraja Ladoga oan de Volchov, de âldste delsetting yn Noardwest-Ruslân. Yn de 9e en 10e iuw wie it plak in poltyk en ekonomysk sintrum dat by de ûnwikkeling fan de Aldrussyske naasje in grutte rol spile. Yn 862 kaam de Varangiaanske Rjoeriken-dynasty mei harren gefolch nei Staraja Ladoga om in ein te meitsjen oan de stammeskelen nei de dea fan it lêste lokale Slavyske stamhaad. Dat barren wurdt beskôge as de stiftingsdatum fan de Rûs.

Fan 1136 oant 1478 hearde it tsjintwurdige oblastgebiet by de lannen fan de Republyk Novgorod. Yn de 13e en 14e iuw waarden dyselde lannen it striidfjild by de ferdigening tsjin de ynfallende troepen fan Liiflân en Sweden. Yn it jier 1240 fûn de ferneamde Slach oan de Neva plak, werby de Russyske troepen ûnder it befel fan de foarst Aleksander Nevski de Sweden fersloech. Oan de Republyk Novgorod kaam yn jannewaris 1478 in ein en de lannen gyngen doe op it Grutfoarstedom Moskou oer.

Yn de Tiid fan Reboelje yn de iere 17e iuw sloech Sweden yn it gebiet foar master op. It besykjen fan Ruslân om yn de jierren 1656-1658 de gebieten werom te feroverjen mislearren ynearsten. Oan it begjin fan de 18e iuw waard yn de Grutte Noardske Kriich it gebiet troch Peter I werom ferovere. Om in tagong ta de Eastsee te krijgen stifte Peter I op 16 maaie 1703 op in eilân yn de Neva-delte de nije fêsting Sint-Petersburch, dy't de haadstêd fan it Russyske Keizerryk wurde soe. Histaryske foargongers fan de oblast wie it gûvernemint Ingermanlân (letter gûvernemint Sint-Petersburch, Petrograd, Leningrad), dat yn 1708 stifte waard. Op 1 augustus 1927 waard de oblast Leningrad foarme, dat doe wol folle grutter wie as tsjintwurdich. Sûnt 1945 hat de oblast de hjoeddeiske omfang.

Russyk offinsyf yn 1944

Nei de Winterkriich (1939–1940) ferlear Finlân gebiet oan de Sovjet-Uny, sadat de oblast Leningrad wer grutter waard. Tusken july 1941 oant augustus 1944 waard der alderheislikst fochten yn de oblast. 900 dagen en nachten holden de soldaten fan it Leningrader- en it Volchov-front de Wehrmacht op. By de Blokkade fan Leningrad lei yn it gebiet de 'Rûte fan it Libben', de iennige ferbining fan de omsingele stêd Leningrad mei it efterlân. De Twadde Wrâldkriich besoarge it gebiet ûnbidige skea en yn de besette dielen wie de yndustry folslein ferneatige. 16 stêden en mear as 4.000 doarpen en doarpkes waarden folslein fan de kaart fage en yn jannewaris 1945 wennen der noch mar 483.000 ynwenners, wylst dat foar de kriich 1.258.000 wiene.

Oant 1978 moast de oblast by in weryndieling de stêden Kolpino, Pûsjkin, Lomonosov, Kronstadt, Peterhof en oare plakken ôfstean oan Leningrad. De oblast hie oars as in soad oare gebieten yn Ruslân net in soad te lijen fan de problematyk dy't gearhong mei it útinoar fallen fan Sovjet-Uny en fan in weromrinnend ynwennertal wie yn de oblast gjin sprake.

Bestjoersyndieling en stêden

Staraja Ladoga

De oblast is yn 17 rajons en it stedsdistrikt (Sosnovy Bor) ûnderferdield. Meiïnoar binne der 31 stêden en 32 plakken mei in stedsk karakter.

Grutte stêden
NammeRussyskYnwennersWapenLokaasje
GattsjinaГатчина87.626 59° 34' N 30° 8' E
VyborgВыборг73.001 60° 42' N 28° 44' E
Sosnovy BorСосновый Бор65.941 59° 54' N 29° 05' E
VsevolozjskВсеволожск62.264 60° 01' N 30° 39' E
TichvinТихвин56.716 59° 38' N 33° 32' E
KirisjiКириши52.309 59° 27' N 32° 1' E

Befolkingsûntwikkeling

Jier19261939195919701979198920022022
Ynwenners923.0001.248.0001.500.0002.358.0003.519.0004.859.0005.361.2221.911.586

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Leningrad


 
Dielgebieten fan Ruslân

RepublykAdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
KrajAltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
🔥 Top keywords: