Wolfgang Petersen

Wolfgang Petersen (Emden, 14 maart 1941 – Brentwood (Kalifornje), 12 augustus 2022) wie in Dútsk filmregisseur en filmprodusint fan Eastfrysk komôf. Mei Das Boot (1981) is er ynternasjonaal bekend wurden, mei The Neverending Story (1984) hat er nochris in topfilm makke en sûnt wurke er yn Hollywood.

Wolfgang Petersen
regisseur en/of produsint
Wolfgang Petersen (2006)
Wolfgang Petersen (2006)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWolfgang Petersen
nasjonaliteit Dútsk
berne14 maart 1941
berteplakEmden
stoarn12 augustus 2022
stjerplakBrentwood flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteitEastfrysk
wurkpaad
wurksum asregisseur en produsint
bekenste
  produksje(s)
Poseidon,
The Perfect Storm,
The NeverEnding Story,
Das Boot
jierren aktyf1965-2016
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Petersen ferstoar op 12 augustus 2002 yn 'e aldens fan 81 jier oan pankreäskanker.

Filmografy

  • Poseidon (2006)
  • Troy (2004)
  • The Perfect Storm (2000)
  • Red Corner (1997) (produsint)
  • Air Force One (1997)
  • Outbreak (1995)
  • In the Line of Fire (1993)
  • Enemy Mine (1985)
  • Die unendliche Geschichte / The NeverEnding Story (1984)
  • Das Boot (1981)
  • Die Konsequenz (1977)
  • Einer von uns beiden (1973)
  • Ich werde dich töten (1969)
🔥 Top keywords: