2022

jier
Iuwen:16e17e18e19e20e21e iuw22e23e24e25e26e
Jierren:20172018201920202021202220232024202520262027


Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 
2022
MMXXII
Ab urbe condita2775
Armeenske kalinder1471

ԹՎ ՌՆՀԱ

Etiopyske kalinder2014 – 2015
Hebriuwske kalinder5782 – 5783
Hindoekalinders
- Vikram Samvat2077 – 2078
- Shaka Samvat1944 – 1945
- Kali Yuga5123 – 5124
Iraanske kalinder1400 – 1401
Islamityske kalinder1444 – 1444
Juliaanske kalinder
 
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder4718 – 4719

戊丑 – 己寅

2022 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2022.)

Foarfallen

jannewaris
febrewaris
maart
  • 2 - Neffens de Feriene Naasjes binne al 2 miljoen flechtlingen de oarloch yn 'e Oekraïne ûntflechte troch de grinzen fan buorlannen oer te gean.
  • 3 - Yn it suden fan 'e Oekraïne falt de stêd Cherson yn Russyske hannen. Ek de Kearnsintrale Zaporizja wurdt troch de Russen ferovere, wêrby't se de gebouwen fan 'e sintrale mei artillery besjitte. De domdrystens fan dat dwaan wurdt wrâldwiid skande fan sprutsen.
  • 4 - Yn Ruslân wurdt in nije wet oannommen, dy't 15 jier finzenisstraf set op it fersprieden fan "nepnijs" oer de "spesjale militêre operaasje" yn 'e Oekraïne. In protte bûtenlânske media-organisaasjes, wêrûnder CNN en de BBC, beëinigje har wurk yn it lân.
  • 4-13 - Yn 'e Sineeske haadstêd Peking wurde de Paralympyske Winterspullen 2022 holden. Ruslân en syn bûnsgenoat Wyt-Ruslân wurde omreden fan harren ferantwurdlikens foar de ynfal yn 'e Oekraïne útsletten fan dielname.
  • 8 - Ierdoaljemaatskippij Shell, restaurantkeatling McDonald's, frisdrinkenprodusint Coca-Cola en kofjehûskeatling Starbucks lûke har omreden fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne werom út Ruslân.
  • 10 - Sily fiert it homohoulik yn.
  • 16 - By de gemeenteriedsferkiezings yn Nederlân binne benammen de lokale politike partijen de grutte winners.
  • 24 - De NATO makket bekend dat der 40.000 man gefjochtstroepen ekstra stasjonearre wurde sille oan 'e eastflank fan it bûngenoatskip, yn Slowakije, Hongarije, Roemeenje en Bulgarije, yn ferbân mei de nije bedriging dy't Ruslân ynhâldt sûnt de ynfal yn 'e Oekraïne.
  • 25 - It regear fan Ruslân makket bekend dat "de earste faze" fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne foltôge is, en dat de striid fan no ôf oan benammen taspitst wurde sil op 'e eastlike Donbas-regio.
  • 29 - It regear fan Ruslân kundiget oan dat yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne de oarlochshannelings om 'e Oekraynske haadstêd Kiëv hinne "struktureel werombrocht" wurde sille. Westerske analisten hâlde it derop dat by de Russyske lieding it besef trochkringt dat it mei de hjoeddeistige steat fan it Russyske Leger net mooglik is om Kiëv yn te nimmen.
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
  • 1 - Yn 'e stêd Malang yn Yndoneezje komme 131 minsken om en reitsje 323 oaren ferwûne by de Kanjuruhan-stadionramp. Dat bart as nei in ferlerne fuotbalwedstryd breinroere fuotbalsupporters it fjild op streame om ferhaal te heljen by de eigen fuotbalploech en de plysje reägearret troch triengasgranaten ôf te sjitten. Dat jout oanlieding ta in stoarmrin om út it stadion te kommen, wêrby't tsientallen minsken ûnder de foet rûn wurde.
  • 1 - Yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch lije de Russen in gefoelige nederlaach as it Oekraynske leger de strategysk wichtige stêd Lyman, yn 'e provinsje Donjetsk, befrijt.
  • 5 - De OPEC komt oerien om 2 miljoen fetten ierdoalje deis minder te produsearjen, om sa de priis fan oalje heech te hâlden. Yn 'e Feriene Steaten wurdt dat ynterpretearre as in dolkstjit yn 'e rêch troch Saûdy-Araabje. Dat lân hjit in Amerikaanske bûnsgenoat te wêzen, mar stelt him hjirmei dúdlik oan 'e kant fan Ruslân op, mei't fral de Russen baat hawwe by in hege oaljepriis. Ien en oar liedt ta in diplomatike krisis yn 'e relaasjes tusken de Feriene Steaten en Saûdy-Araabje.
  • 8 - De Krimbrêge, dy't it fêstelân fan Ruslân ferbynt mei de yllegaal anneksearre Krim, eins in diel fan 'e Oekraïne, rekket swier skansearre by in eksploazje. Hoewol't it Oekraynske regear der gjin útlittings oer docht, wurdt der algemien fan útgien dat de Oekraïners efter de sabotaazjedie sitte, mei't de Krimbrêge in symboal fan 'e Russyske besetting fan 'e Krim is. Twa dagen letter fiert Ruslân by wize fan ferjilding raketbesjittings út fan Oekraynske stêden en enerzjysintrales.
  • 20 - Liz Truss (lieder fan de Konservative Partij) giet al nei 45 dagen ôf as premier fan it Feriene Keninkryk, mar hâldt dat amt oant in nije lieder keazen is.[3]
  • 21 - Yn de iere moarn komme snelboat Tiger fan Rederij Doeksen en de wettertaksy Stormloper fan rederij De Bazuin yn it Skûtegat mei-inoar yn oanfarring.[4]
  • 23 - De Sineeske lieder Xi Jinping wurdt foar in trêde termyn beneamd as siktaris-generaal fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij (en dêrmei as hearsker oer de Folksrepublyk Sina). Hy is sûnt de dea fan Mao Zedong de earste persoan yn dy funksje dy't net nei twa terminen romte makket foar in opfolger.
  • 29 - Yn it Súdkoreaanske Seoel komme mear as 150 minsken om it libben troch de ekstreme drokte, by in Halloweenfeest yn in útgeansgebiet.[5]
novimber
desimber

Berne

Ferstoarn

jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber

Bisten

Films

Literatuer

romans
ferhalebondels
koarte ferhalen

Tillefyzje

Muzyk

singles


Jierren:20172018201920202021202220232024202520262027
Iuwen:16e17e18e19e20e21e iuw22e23e24e25e26e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

🔥 Top keywords: