Ynternasjonaal Romtestasjon

It Ynternasjonale Romtestasjon ISS (Ingelsk: International Space Station) is in romtestasjon yn in baan om de ierde, dat troch ferskate lannen stipe wurdt. Op 20 novimber 1998 is it foarste diel de romte yn gien en sûnt 2 novimber 2000 libje der permanint romtefarders yn. De Feriene Steaten en Ruslân hawwe tige nau oparbeide by de Russyske Mir dêr't wittenskippers in protte fan leard ha, wat fertuten die foar it ISS projekt. It ISS projekt is it grutste wittenskiplik projekt dat ea bestean hat. Yn it earste desennium fan de 21e iuw is it stasjon hieltyd mear útwreide. Op 27 maaie 2011 waard de bou fan it ISS foareast foltôge mei de ynstallaasje fan de Alpha Magnetic Spectrometer (AMS). It is de bedoeling dat nei 2018 noch twa Russyske modules tafoege wurde sil: Nauka, ek Multipurpose Laboratory Module (MLM) neamd, en de Nodal Module.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


It ISS

Modulen

It ISS beslacht meiïnoar 14 modulen mei in folume fan 1.000 kubike meters. Dat binne keppel-, ûndersyk-, wenmodules en luchtslusen. Eltse module wurdt mei in Space Shuttle, Proton raket of Sojoez raket lansearre.

ModuleLansear datumFerfier trochDatum keppelingMassaMontaazje flechtDoelFoto moduleStasjon nei keppeljen module
Zarya20 novimber 1998Proton-KN/A19323 kg1A/RFoarsjocht yn elektrisiteit, opslach, en haadûnderdiel fan de inisjele assemblaazje, wurdt no brûkt as opslach module.
Unity (Node 1)4 desimber 1998Space Shuttle Endeavour, STS-887 desimber 199811612 kg2AFoarste Amerikaanske keppeling, keppelet it Amerikaanske part mei it Russyske part fan it romtestasjon.
Zvezda20 july 2000Proton-K26 july 200019051 kg1RWenmodule foar de romtefarders. Mei dizze module waard permaninte bewenning mooglik.
Destiny2 febrewaris 2001Space Shuttle Atlantis, STS-9810 febrewaris 200114515 kg5AUndersyk sintrum en wenmodule.
Quest7 july 2001Space Shuttle Atlantis, STS-10414 july 20016064 kg7ALuchtslûs foar it ienfâldiger meitsjen fan romtekuiers.
Pirs14 septimber 2001Sojoez-U16 septimber 20013580 kg4RKeppelingsmodule foar de Sojoez & Progress romtefartugen. Luchtslûs foar Russyske kosmonauten.
Harmony (Node 2)23 oktober 2007Space Shuttle Discovery, STS-12014 novimber 200714288 kg10AKeppelmodule. U.o. foar de Jeropeeske Kolumbus en de Japanske Kibō modulen. Der kin ek in Multipurpose Logistics Module en Space Shuttle oan keppele wurde.
Kolumbus7 febrewaris 2008Space Shuttle Atlantis, STS-12211 febrewaris 200812800 kg1EUndersyksintrum foar de Jeropeeske wittenskippers fan de ESA.
Experiment Logistics Module11 maart 2008Space Shuttle Endeavour, STS-12312 maart 20088386 kg1J/APart fan Japanske ûndersykmodule Kibō.
Japanese Pressurized Module31 maaie 2008Space Shuttle Discovery, STS-1243 juny 200814800 kg1JPart fan Japanske ûndersykmodule Kibō. Dizze module is de grutste module fan it ISS.
Multipurpose Laboratory ModuleDesimber 2008Proton-KTBD21300 kg3RNoch net lansearre. De Russyske multifunksjonele module sil Ruslân's primêre ûndersyksintrum wurde yn it ISS.
Mini-Research Module 215 augustus 2009Sojoez-U-5RNoch net lansearre. Russyske module foar opslach en foar it keppeljen fan romtefartugen.
Node 322 oktober 2009Space Shuttle Endeavour, STS-130-14311 kg20ANoch net lansearre. Amerikaanske keppelingsmodule. Stipende module dy't û.o. foarsjocht yn it ferfarskjen fan wetter en it opwekken foar soerstof. Der sitte fjouwer keppelings oan foar romtefartugen, en ien foar de module Cupola.
Cupola22 oktober 2009Space Shuttle Endeavour, STS-130-1800 kg20ANoch net lansearre. De Cupola is in observearrigns module. U.o. foar it bestudearjen fan de ierde.
Mini-Research Module 118 maart 2010Space Shuttle Discovery, STS-132-4700 kgULF4Noch net lansearre. Keppel- en opslachmodule.

Dielnimmende lannen

Dielnimmende lannen binne:

Foto's fan it ISS en de kontrôlesintrums

Keppeling om utens

Offisjele ISS websiden fan dielnimmende agintskippen

Understeande websiden binne Ingelsktalich

Feriene Steaten

Itaalje

Japan

Jeropa

Kanada

Ruslân

🔥 Top keywords: