Zsa Zsa Gábor

Zsa Zsa Gábor (Boedapest, 6 febrewaris 1917 - Los Angeles, 18 desimber 2016), berne as Sari Gábor, wie in Hongaarsk-Amerikaansk aktrise. Sy en har twa susters Magda (1917-1997) en Eva (1921-1995) wiene ferneamd om harren skientme en net yn 't foarste plak fanwegen harren akteartalint. Zsa Zsa stie ek bekend om har leafde foar juwielen en har sneedskens.

Zsa Zsa Gábor
akteur
Trailer fan Lili, 1953
Trailer fan Lili, 1953
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSari Gábor
nasjonaliteitAmerikaansk
berne6 febrewaris 1917
berteplakBoedapest, Eastenryk-Hongarije
stoarn18 desimber 2016
stjerplakLos Angeles
etnisiteitHongaarsk
jierren aktyf1951-1996
prizenMiss Hongarije
offisjele webside
Gábor yn de IMDB
Zsa Zsa Gabor, publisiteitsfoto ±1955

Gábor wie Miss Hongarije yn 1936.

Sûnt 2007 wie hja yn it nijs fanwegen finansjele swierricheden en tebekrinnende sûnens. Uteinlik waard in hertoanfal op 18 desimber 2016 har fataal.

Houliken

Gábor is yn totaal njoggen kear troud:

  • 1937: Burhan Belge. Oant 1941.
  • 1942: Conrad Hilton. Ien dochter: Constance Francesca Hilton, neffens Gabor oanset nei in ferkrêfting troch har man. Skieding yn 1947
  • 1949: George Sanders. Se skieden yn 1954, wêrnei't hy mei har suster Magda troude. Uiteinlik die hy himsels te koart.
  • 1964: Herbert Hunter. Skieding yn 1966.
  • 1966: Joshua S. Cosden, Jr. Skieding yn 1967.
  • 1975: Jack Ryan. Hy wie útfiner en wurdt yn ferbân brocht mei de Barbiepoppe. Skieding yn 1976.
  • 1977: Michael O'Hara. Oant 1982.
  • 1983: Felipe de Alba (13 - 14 april 1983). Unjildich ferklearre meidat dejinge dy't it houlik slute dêrta gjin foech hie.
  • 1986: Frederick Prinz von Anhalt. Hy is net berne as prins, mar krige dizze namme troch him adoptearje te litten.

Films

Under oaren:

  • Moulin Rouge - (1952) as Jane Avril
  • Lili - (1953)
  • The Girl in the Kremlin - (1957) dûbelrol
  • Touch of Evil - (1958) as eignaresse fan in stripclub
  • Queen of Outer Space - (1958)

Hja spile dêrnei noch in soad rollen yn films en op telefyzje, mar har aktearkwaliteit gie hieltyd mear efterút. Har lettere karriêre wie mear dy fan in 'VIP' yn stee fan in aktrise. Nei de jierren 60 hie hja noch wolris gastrollen yn films.

Bibliografy

  • Zsa Zsa Gabor mei Gerold Frank, Zsa Zsa Gabor, My Story, The World Publishing Company, 1960.
  • Zsa Zsa Gabor, How to Catch a Man, How to Keep a Man, and How to Get Rid of a Man, Doubleday, 1970.
  • Zsa Zsa Gabor, assistinsje en redaksje troch Wendy Leigh, One Lifetime Is Not Enough, Delacorte Press, 1991. ISBN 0-385-29882-X
  • Anthony Turtu en Donald F Reuter, Gaborabilia, Three Rivers Press, 2001. ISBN 0-609-80759-5

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: