Op sneon24 maart1984, moarns om 7.00 oere, bejouwe fiif learlingen har nei Shermer High School yn Chicago om har te melden foar in hiele dei neibliuwen, oant 16.00 oere middeis. Elts fan harren heart ta in oare klyk op 'e skoalle: Claire Standish is in moaifamke en in snob, Andrew Clark in sporter, Brian Johnson in nerd, John Bender in rebel en Allison Reynolds in bleue goth. Se komme gear yn 'e bibleteek fan 'e skoalle, dêr't se fan 'e autoritêre konrektor Richard Vernon opdracht krije om net te praten, fan har plak te kommen of yn 'e sliep te fallen oant se oer njoggen oeren wer nei hûs meie. Yn 'e tuskentiid moatte se in opstel skriuwe fan tûzen wurden, mei as ûnderwerp: 'wa tinkst datst bist'. Nei dat sein te hawwen, lit er harren allinne en keart er mar fan en ta werom om te sjen oft se har wol oan syn regels hâlde. Mei't syn kantoar lyk foar de bibleteek oer is, tinkt er harren dêrwei yn 'e rekken hâlde te kinnen troch de doar fan 'e bibleteek iepenstean te litten, mar John sabotearret de fear op 'e doar, sadat dy út himsels tichtslacht.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Dat jout de fiif learlingen wat privacy fan Vernon syn tafersjoch. John, dy't in tige antagonistyskerelaasje mei Vernon hat, brekt alle regels en besiket de oaren op te stokeljen. Dêrby narret er oanhâldend Claire en Brian en siket er rûzje mei Andrew, wylst er de stille Allison foar it meastepart negearret. Dêrmei makket er him net graach sjoen, mar de oaren krije begrutsjen mei him as se tsjûge binne fan 'e geastlike mishanneling dy't er te ferduorjen kriget fan Vernon. De konfrontaasje mei de konrektor leveret John úteinlik acht ekstra sneonen neibliuwen op. Dêr is John dúdlik net bliid mei, mar hy besiket him grut te hâlden. Letter, as er de oare fjouwer meitroaid hat út 'e bibleteek wei om in pûdsje marihûana op te heljen dat er yn syn locker ferstoppe hat, en se troch Vernon ûntdutsen driigje te wurden, lokket John de konrektor efter him oan, sadat de oare fjouwer sûnder sjoen te wurden de bibleteek wer berikke kinne. Dêrop slút Vernon John op yn in biezemkast, mar hy ûntsnapt fia it systeemplafon en bejout him wer nei de bibleteek.
De learlingen deadzje de tiid troch te praten, te redendielen en de marihûana op te smoken, wat harren helpt om iepenhertiger mei-inoar te wurden. Stadichoan jouwe se allegear har geheimen priis. Claire hat swierrichheden mei groepsdruk, John wurdt thús mishannele troch syn heit, Allison is in twangmjittige leagenster, Andrew lit oaren allegeduerigen beslissings foar him nimme en Brian rint mei selsmoardplannen om nei't er foar it earst yn syn libben in ûnfoldwaande helle hat (foar hânfeardichheid). Se ûntdekke ek dat se dingen gemien hawwe; sa kinne se allegear min mei har âlden oer de wei. Claire har heit en mem hawwe in min houlik wêryn't se harren dochter brûke om inoar te reitsjen; John syn âlden slane en skelle nei him en inoar; Allison har âlden sjogge net nei har om; Andrew syn heit is sa folle-easkjend dat syn soan der suver oerspand fan rekket; en Brian syn âlden sette him ûnder druk om altyd tsienen te heljen. Hoewol't de fiif tinke dat harren nijfûne freonskip einigje sil as se nei hûs meie, beseffe se dat de ûnderfinings fan dizze dei harren beoardieling fan leeftydsgenoaten foargoed feroare hat.
De groep beslút net oan 'e opstelopdracht fan Vernon te foldwaan, mar ynstee Brian, dy't der wol nocht oan hat, ien opstel foar harren allegear skriuwe te litten. Yn it opstel neamt er himsels en de oaren 'de Brea-itersklub', en konfrontearret er Vernon mei dy syn eigen foaroardielen oer harren. Underwilens jout Claire in makeover oan Allison, troch har út har swarteklean te heljen, har hier te dwaan en har kreas op te meitsjen. Andrew falt suver fan syn stoel as er de nije Allison sjocht, en tsjin 'e ein fan 'e dei hawwe se ferkearing. Claire beslút dat se net mear it ûnoantaastbere prinseske wêze wol, en tutet John. As it neibliuwen op syn ein rint, krûpt John fia it plafon wer werom nei de biezemkast, dêr't er letter útlitten wurdt troch Vernon, dy't miend dat er dêr de heale dei allinne sitten hat. Brian lit it opstel yn 'e bibleteek efter, dêr't Vernon it letter fynt. Foar it skoallegebou, dêr't de learlingen útinoar geane, tutet Andrew Allison, en John Claire. De ferwachting dat alles moandei wer by it âlde wêze sil, komt dúdlik net út. Allison nimt de patch fan it steatskampioenskip wrakseljen fan Andrew syn sportjack, en Claire jout John ien fan har diamanten earbellen, dy't er yn syn eigen ear docht.
The Breakfast Club waard regissearre troch John Hughes nei in senario dat er sels skreaun hie. Hy wie, tegearre mei Ned Tanen, ek as filmprodusint by it projekt belutsen, foar de studio's A&M Films en Channel Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Thomas Del Ruth en de filmmuzyk waard fersoarge troch Keith Forsey en Gary Chang.
Yn in fraachpetear yn 1999 sei Hughes dat syn winsk om 'e film te regissearjen yn 't earstoan op ferset state by de studiobazen fan Universal, dy't The Breakfast Clubfinansierden. Harren beswier wie syn gebrek oan ûnderfining op it mêd fan regisearjen. Meitiid wist er harren der lykwols fan te oertsjûgjen om him in kâns te jaan, om't der fanwegen it beheinde budget fan $1 miljoen en de inkele filmlokaasje gjin grutte ferliezen lit wurde koene.
De opnamen foar The Breakfast Club setten op 28 maart1984 útein en duorren oant yn maaie. De lokaasje wie de Maine North High School yn Des Plaines (Illinois), dy't yn 1981 tichtgien wie. (Datselde gebou waard ek brûkt foar binnendoarsênes fan Hughes syn film Ferris Bueller's Day Off, út 1986.) Om't de bibleteek fan it skoalgebou, dêr't de neibliuwende learlingen troch Vernon ynstallearre wurde, te lyts achte waard foar de film, boude de crew in filmset fan in bibleteek yn 'e gymseal.
De akteurs repetearren trije wiken, wêrnei't de sênes fan 'e film op folchoarder opnommen waarden. Yn syn kommentaar by de dvd fan Ferris Bueller's Day Off, út 2004, fertelde Hughes dat er The Breakfast Club en Ferris Bueller's Day Off tagelyk opnommen hie om tiid en jild út te sparjen. Yn 2015 waard de earste kladferzje fan it senario fan The Breakfast Club by de ferhuzing fan 'e Maine South High School yn Des Plaines nei in nij gebou weromfûn yn in kastke yn dy skoalle.
Molly Ringwald en Anthony Michael Hall hiene allebeide yn Hughes syn film Sixteen Candles, út 1984 spile. Hall biet daliks ta doe't Hughes him frege foar de rol fan Brian Johnson yn The Breakfast Club, mar Ringwald wie it der net mei iens doe't Hughes har de rol fan Allison Reynolds oanbea, mei't se har each falle litten hie op 'e rol fan Claire Standish. Hoewol't Hughes ferskate oare aktrises foar dy rol yn omtinken naam, ûnder wa Robin Wright, Jodie Foster en Laura Dern, wist Ringwald him úteinlik oer te heljen om har dêrfoar te casten. De rol fan Allison gie dêrnei nei Ally Sheedy.
Emilio Estevez waard frege foar de rol fan John Bender, mar doe't Hughes gjin gaadlike akteur fine koe foar de rol fan Andrew Clark, wercaste er Estevez yn dy rol. Hy naam doe Nicolas Cage yn omtinken foar de rol fan John Bender, mar úteinlik besleat er òf John Cusack òf Judd Nelson te casten. Hughes syn kar foel op Cusack, mar krekt foar't it heve soe mei de opnamen betocht er him, om't er Cusack der net driigjend genôch útsjen fûn. Doe't Nelson op in stuit ûnder de opnamen ek as de kamera net draaide yn syn rol bleau en Ringwald lestich foel, woe Hughes him oan 'e dyk sette. De oare akteurs moasten prate as Brugman om dat foar te kommen.
The Breakfast Club krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 4 fan 4 stjerren en neamde him "prachtich". Dêr heakke er oan ta dat The Breakfast Club "min ofte mear foarsisber" wie, mar neffens him hie de film "gjin skokkende iepenbierings nedich; it giet oer bern dy't stadichoan reewilligernôch reitsje om mei-inoar te praten […]." Yn 'e Chicago Tribune joech Gene Siskel de film 31/2 fan 4 stjerren en skreau: "Dizze opbychtformule […] wurket bysûnder goed yn The Breakfast Club om't we hieltyd ferwachtsje dat de film út syn klaustrofobyske set brekke sil en ús seks of geweld jaan sil dat karakteristyk is foar teenerfilms. Dat bart lykwols net, ta ús grutte blydskip."
Party resinsjes wiene minder posityf. Yn The New York Times skreau Janet Maslin: "Der sitte guon goede jonge akteurs yn The Breakfast Club, hoewol't in pear fan harren ûnspylbere rollen taparte krigen hawwe," ntl. Ally Sheedy en Judd Nelson. James Harwood fan it tydskriftVariety liet The Breakfast Club ôfrinne as in film dy't "wierskynlik foar tige djipdollend trochgean sil foar it hjoeddeistige teenagepublyk, wêrmei't ik bedoel dat de jongelju yn 'e film it grutste part fan 'e tiid trochbringe mei praten ynstee fan dûnsjen, út 'e klean gean of smiten mei iten. Dat, oan 'e oare kant, moat net suggerearje dat se ek wat yntelligints te sizzen hawwe."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Breakfast Club in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 65 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] jout in waarm, nijsgjirrich en tige grappich ynsjoch yn it geastlik libben fan teenagers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Breakfast Club in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 25 resinsjes.
The Breakfast Club brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$45,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $5,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $51,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $1 miljoen betsjut dat in winst fan $50,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De film wie dêrmei in grut súkses. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn The Breakfast Club benammen konkurrinsje fan Beverly Hills Cop, mei Eddie Murphy, en Witness, mei Harrison Ford, dy't dêr tagelyk draaiden.
Oan 'e fiif haadrolspilers fan The Breakfast Club, Emilio Estevez, Molly Ringwald, Judd Nelson, Ally Sheedy en Anthony Michael Hall, waard by de MTV Movie Awards fan 2005 de Silver Bucket of Excellence Award takend.