Aragon

Aragon (Spaansk: Aragón) is ien fan de 19 selsstannige Spaanske regio's, en bestiet sûnt 1982. De haadstêd is Saragossa.

Aragon
FlaggeWapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
HaadstêdSaragossa
Oerflakte47.719
Befolking1.308.563 (2016)
Befolkingstichtens27 km²
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes

Geografy

Aragon grinzet yn it noarden oan Frankryk en oan de Spaanske regio's Kataloanje, Falensia, Kastylje-La Mancha, Kastylje en León, La Rioga en Navarra. De noardlike grins mei Frankryk wurdt foarme troch de Pyreneeën. It sintrale part fan Aragon is frij flak, hjir streamt ek de rivier Ebro nei de Middellânske See.

Talen

Yn Aragon wurdt offisjeel mar ien taal sprutsen, it Spaansk. Yn de praktyk wurde der op lytsere skaal ek noch oare talen sprutsen. It Aragoneesk yn de berchfalleien fan it noarden en it Katalaansk yn in strook eastlik fan de regio, dat ek bekend stiet as La Franja. Beide talen wurde wetlik beskerme mar hawwe gjin offisjele status.

Bestjoerlike yndieling

Aragon is ûnderferparte yn trije provinsjes:

ProvinsjeHaadstêd
HuescaHuesca
TeruelTeruel
ZaragozaZaragoza
 
autonome mienskippen fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
 
autonome stêden fan Spanje
Ceuta • Melilla
🔥 Top keywords: