Galysje

Galysje (Spaansk: Galicia, Galysysk: Galicia of Galiza) is ien fan de 17 autonome mienskippen fan Spanje en waard as sadanich oprjochte yn 1981. It leit yn it uterste noardwesten fan it lân, en grinzet yn it suden oan Portegal, yn it westen oan de Atlantyske Oseaan, yn it noarden oan de Golf fan Biskaje en yn it easten oan de oare Spaanske regio’s Astuerje en Kastylje en Leön. Haadstêd is Santiago de Compostella, in stêd mei krekt gjin 100.000 ynwenners, grutste stêd fan de regio is lykwols Vigo en de grutste agglomeraasje A Coruña. Yn Galysje wurde twa offisjele talen sprutsen, it Galisysk en it Spaansk.

Galysje
FlaggeWapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
HaadstêdSantiago de Compostela
Oerflakte29.574
Befolking2.762.198
Befolkingstichtens93,78
Oare ynformaasje
Heechste punt{{{Heechste punt}}}
Provinsjes{{{provinsjes}}}

Geografy

Súdeast Galysje makket diel út fan in heechberchtme. Dêrfan binne de los Picos de Ancares (1826 m), de Cabeza de Manzaneda (1787m) en de Peña Trevinca yn de Serra de Queixa (2031m), de grutste piken. Yn Lugo lizze twa grutte natuergebieten, de Ancares en de Courel. It binnenlân wurdt foar in grut part foarme troch grutte boskgebieten. Alle jierren wurdt Galysje wol troffen troch swiere boskbrânen.

By Galysje heare ek de Cíes-eilanden, dy't foarme wurde troch de eilannen Faro, Monteagudo en it eilân fan San Martiño), de archipel fan Ons (foarme troch it eilân Ons en it eiland Onza), de arsjipel fan Sálvora (foarme troch de eilannen Sálvora, Vionta en Sagres), en oare eilannen as Cortegada, Arousa, Sisargas, en Malveiras. In oantal fan dizze eilannen binne beskerme natuergebieten.

Befolking

In typyske Noard-Spaanske nôtskuorre.

Nettsjinsteande de hege emigraasjesifers fan de 20e iuw is Galysje ien fan de tichtst befolke gebieten fan Spanje. De heechste befolkingstichtens is te finen yn A Coruña (143 ynw./km2) en Pontevedra (207 ynw. /km2). It grutste part fan de befolking libbet op it plattelân, hoewol't de leaste desennia hieltyd mear minsken nei de stêden lutsen.

In grut deel fan de beropsbefolking is wurksum yn de primêre sektor: lânbou, feefokkerij, fiskerij en boskbou.

Bestjoerlike yndieling

Galysje bestiet út fjouwer provinsjes:

ProvinsjeBefolkingHaadstêdYnwenners
A Coruña1.129.141A Coruña243.320
Lugo356.595Lugo97.635
Ourense338.671Ourense108.137
Pontevedra943.117Pontevedra80.096
grutste stêd: Vigo293.725
Totaal2.762.198

Skiednis yn it koart

Katedraal fan Santiago de Compostela

Galysje wie al betiid befolke, al sûnt it Paleoliticum wennen der minsken. Yn de 6e iuw f.Kr. kamen de Kelten nei it noardwestlike part fan Spanje dy't letter yn de 2e iuw f.Kr., troch de Romeinen ferslein wurde soene. Hiel Spanje makke diel út fan it Romeinske ryk en it soe mear as sân iuwen by hearre, oant yn de 5e iuw de ynvaazjes folgen fan Sueben, Fandalen en Fisigoaten. Nei de delgong fan it Romeinske ryk, hienen de Sueben in skoftlang in keninkryk yn Galysje oant sy yn 585 ferslein waarden troch de Fisigoaten ûnder lieding fan kening Leovigild en diel útmakken fan it Fisigoatyske ryk.

It Fisigoatyske ryk waard yn de 8e iuw ferneatige en oermastere troch de Moaren. Allinnich it noarden dêr't ek Galysje ta hearde koe ûnôfhinklik bliuwe. Fan de 9e iuw oant de 11e iuw foelen de Wytsingen de Noardwestkust fan Spanje oan.

It Keninkryk Galysje ûntstie tidens de Rekonkwista. It waard ferskate kearen by oare Spaanske keninkriken lutsen, oant de ienwurding fan Spanje.

It feodale systeem en de tsjerklike hiërargy soarge derfoar dat de lêste iuwen, neffens oare Spaanske provinsjes, Galysje hieltyd fierder efter reitsje soe op ekonomysk gebiet.

 
autonome mienskippen fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
 
autonome stêden fan Spanje
Ceuta • Melilla
🔥 Top keywords: