Deep Purple (band)

Deep Purple is in rockband dy’t yn 1968 oprjochte is troch Jon Lord (oargel en piano) en Ritchie Blackmore (gitaar). It wie ien fan de meast ynfloedrike hardrockbands fan de jierren santich. Hoewol’t der in grut tal wikselingen west hawwe yn de besetting, bestiet de band noch hieltyd.

Deep Purple
band
Deep Purple yn 2004
Deep Purple yn 2004
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaalIngelsk
sjenreHardrock,
Metal
bestean1968 - 1976,
1984 - no
label(s)Tetragrammaton,
Warner Bros.,
Polydor,
BMG,
EMI,
Edel
âld-ledenJon Lord (toetsen) (1968-2002) †
Ritchie Blackmore (gitaar) (1968–1975), (1984–1993)
Nick Simper (bas) (1968–1969)
Rod Evans (sang) (1968–1969)
Glenn Hughes (bas) (1973–1976)
David Coverdale (sang) (1973–1976)
Tommy Bolin (gitaar) (1975–1976) †
Joe Lynn Turner (sang) (1989–1992)
leden
SangIan Gillan
GitaarSteve Morse
DrumsIan Paice
Oargel & ToetsenDon Airey
BasRoger Glover

Skiednis

Deep Purple by in optreden yn Cow Palace, San Fransisko (1985)

Jon Lord en Ritchie Blackmore gongen yn 1968 gearwurkjen mei Ian Paice (drums), Nick Simper (bas) en Rod Evans (sang). Hja feroaren de namme fan Roundabout yn Deep Purple. Under dy namme brochten hja twa albums út, “Shades of Deep Purple” en “The Book of Taliesyn”. Op dy albums steane sawol eigen komposysjes as covers fan oaren, dêr’t hja in hiel eigen ynterpretaasje oan joegen, sa as Hush (fan Joe South), Kentucky Woman (skreaun troch Neil Diamond), River Deep Mountain High, Help en "We can work it out (Lennon en McCartney). Yn 1969 kamen Roger Glover (bassist) en Ian Gillan (sjonger) by de band. It earste album dat hja yn dy besetting opnamen, wie “Concerto for Grop en Orchestra”, in komposysje fan Jon Lord dy’t útfierd waard mei it Royal Philharmonic Orchestra.

Dêrnei brochten sy it earste hardrock album út, “Deep Purple in Rock”. Dêrmei krigen hja sawol kommersjeel as artistyk in soad sukses. Op dit album steane in oantal swingende rocklieten, sa as Speed King, Into the Fire en Hard Lovin’ Man. It bekendste liet fan dit album is Child in Time, dat lang alle jierren by de boppeste fiif stie fan de Top 2000 fan Alle Tiden. Nei it folgjende album “Fireball” waard in live-album opnaam yn Japan, dêr’t hja ek in soad sukses hienen. It album “Machine Head” wie ek hiel suksesfol, mei ûnder oaren de grutte hit Smoke on the water. Dat giet oer in brân yn Montreux. De band wie dwaande om dêr in nij album op te nimmen, doe’t der brân útbruts tidens in konsert fan Frank Zappa troch dat in taskôger in fjoerpylk ôfskeat.

Nei de opnames fan it album “Who Do We Think We Are” (1973) stapten Ian Gillan en Roger Glover út de band. Hja waarden ferfongen troch sjonger David Coverdale en bassist/sjonger Glenn Hughes. Yn dy besetting naam de band twa albums op, “Burn” en “Stormbringer”. Mei dy muzikanten gong Deep Purple wat mear yn de rjochting fan de blues en soul. Op it folgjende album “Come Taste the Band” wie Ritchie Blackmore der ek net mear by. Foar him yn it plak spile de gitarist Tommy Bolin mei. Nei al dizze feroaringen hienen de oerbleaune bandleden der gjin nocht mear oan en stoppe de band.

Yn 1980 kamen hja wer by elkoar en namen it album “Perfect Strangers” op. Nei in skoftsje stapte Ian Gillan wer op, mar letter kaam hy dochs wer werom. Sa gong it noch in skoftsje troch mei ferskate wikselingen. Ritchie Blackmore is yn 1993 út de band stapt en spilet no tegearre mei syn frou Candice Night yn de groep Blackmore’s Night dy’t foaral Middeliuwske muzyk makket. Jon Lord woe him mear dwaande hâlde mei klassike muzyk. Hy is nei in sykte ferstoarn yn 2012. De band bestiet noch hieltyd en hat yn 2017 noch in nij album “Infinite” útbrocht. De hjoeddeiske besetting fan de band is Ian Gillan (sjonger), Steve Morse (gitaar), Don Airey (toetsynstruminten), Roger Glover (bas) en Ian Paice (drums).

Diskografy

Studio-albums

AlbumUtbrocht opLabelSingle(s)
Shades of Deep Purple17 july 1968ParlophoneHush
The Book of Taliesynoktober 1968HarvestKentucky Woman,
River Deep – Mountain High (Ike & Tina Turner cover)
Deep Purple21 juny 1969
Deep Purple in Rock5 juny 1970Speed King,
Black Night
Child in Time
Fireball9 july 1971Strange Kind of Woman,
Fireball
Machine Head25 maart 1972PurpleNever Before,
Lazy,
Highway Star,
Smoke on the Water
Who Do We Think We Are13 jannewaris 1973Woman from Tokyo,
Super Trouper
Burn15 febrewaris 1974Might Just Take Your Life,
Burn
Stormbringer10 desimber 1974You Can't Do It Right,
Lady Double Dealer,
Stormbringer
Come Taste the Band10 oktober 1975Gettin' Tighter,
You Keep On Moving
Perfect Strangers29 oktober 1984PolydorKnocking at Your Back Door,
Perfect Strangers
The House of Blue Light12 jannewaris 1987Call of the Wild,
Bad Attitude
Slaves and Masters5 oktober 1990RCAKing of Dreams,
Love Conquers All
The Battle Rages On...2 july 1993BMGAnya / One Man's Meat,
Time to Kill / Nasty Piece of Work
Purpendicular17 febrewaris 1996Sometimes I Feel Like Screaming,
The Aviator
Abandon2 juny 1998EMI
Bananas9 septimber 2003Haunted
Rapture of the Deep1 novimber 2005Edel
Now What?!26 april 2013Ear MusicAll the Time in the World,
Hell to Pay,
Vincent Price,
Above and Beyond,
Out of Hand
Infinite7 april 2017EdelTime for Bedlam,
All I Got Is You,
Johnny's Band,
The Surprising
Whoosh!7 augustus 2020Ear MusicThrow My Bones,
Man Alive,
Nothing at All
Turning to Crime2021

Live-albums

AlbumUtbrocht opLabel
1Concerto for Group and Orchestradesimber 1969Harvest
2Made in Japandesimber 1972Purple
3Made in Europeoktober 1967
4Last Concert in Japanmaart 1977
5Deep Purple in Concertdesimber 1980Harvest
6Live in Londonaugustus 1982
7Nobody's Perfectjuny 1988Polydor
8Scandinavian Nightsoktober 1988Connoisseur
90In the Absence of Pinkapril 1991
10Gemini Suite Live1993RPM
11King Biscuit Flower Hour Presents: Deep Purple in Concert1995King Biscuit Flower Hour
12Come Hell or High Water7 novimber 1994BMG
13California Jamming1996Eagle
14Live at the Olympia '969 juny 1997EMI
15Total Abandon: Australia '99septimber 1999Eagle
16In Concert with The London Symphony Orchestra8 febrewaris 2000
17The Bootleg Series2000Thames Thompson
18The Soundboard Series2001
19Live in Paris 1975april 2001Purple
20This Time Around: Live in Tokyoseptimber 2001
21Inglewood - Live in California2002
22The Best of Deep Purple: Live in Europe2003Twin Pack Music
23Space Vol 1 & 2septimber 2004BMG
24Perks and Tit
25Live in Europe 19937 novimber 2006
26Live at Montreux 1996maaie 2006Eagle
27Live in Montreux 69augusstus 2006Sonic Zoom
28Live at Montreux 200612 juny 2007Eagle
29Phoenix Rising11 maaie 2011Edel
30BBC Sessions 1968–19707 novimber 2011EMI
31Live at Montreux 2011Eagle
32Paris 1975oktober 2012Ear music
33Copenhagen 1972april 2013Ear music
34Perfect Strangers Live2013Eagle
35Stockholm 1970maart 2014Ear music
36Graz 1975septimber 2014
37Long Beach 1971febrewaris 2015
38From the Setting Sun... (In Wacken)april 2015Edel
39...To the Rising Sun (In Tokyo)
40Long Beach 1976maaie 2016
41The Infinite Live Recordings, Vol. 117 novimber 2017Ear music
42Live in Newcastle 20015 july 2019
43Live in Rome 20136 desimber 2019
44Win Entertainment Centre Wollongong,
Australia 2001/03/13 –
Live In Wollongong 2001
13 augustus 2021
45Hammersmith Apollo London,
England 2002/02/22 –
Live in London 2002

Kompilaasje-albums*

AlbumUtbrocht op
Purple Passagesnovimber 1972
Mark I & IIdesimber 1973
24 Carat Purplejuny 1975
Powerhouse9 novimber 1977
When We Rock,
We Rock,
and When We Roll,
We Roll
21 septimber 1978
Singles A's and B'soktober 1978
The Mark II Purple Singlesapril 1979
Deepest Purple:
The Very Best of Deep Purple
july 1980
Greatest Purplejannewaris 1985
The Anthologymaaie 1985
The Best of Deep Purple1987
Knocking at Your Back Door:
The Best of Deep Purple in the 80's
1992
Smoke on the Water:
The Best Of
9 desimber 1994
30: Very Best of Deep Purple3 novimber 1998
Shades 1968-199816 maart 1999
Under the Gun1999
Days May Come
and Days May Go
14 maart 2000
The Very Best of Deep Purplemaaie 2000
Smoke on the Water
& Other Hits
2001
Listen, Learn, Read On8 oktober 2002
Winning Combinations:
Deep Purple and Rainbow
17 juny 2003
Purple hitsjuny 2003
The Early Years1 maart 2004
Deep Purple Forever -

The Very Best Of

17 maart 2005
The Platinum Collection21 maart 2005
Singles & E.P.
Anthology '68 - '80
maart 2010
The Vinyl Collection29 jannewaris 2016
A Fire in the Sky15 septimber 2017
*Der binne mooglik mear as 150 kompilaasje albums fan Deep Purple útbrocht.
Boppe steande list is net folslein.

Keppelings om utens

🔥 Top keywords: